Ried fan Europa kritysk oer beskerming Noardfrysk en Sealterfrysk yn Dútslân

Dútslân moat folle mear dwaan om de kwetsbere minderheidstalen Noardfrysk yn Sleeswyk-Holstein en Sealterfrysk yn Nedersaksen te beskermjen. Dat stiet yn in kritysk rapport oer de beskerming fan de minderheidstalen yn Dútslân fan de Ried fan Europa.
Dútslân moat der yn alle gefallen foar soargje dat der gau in grutter ûnderwiisoanbod komt foar it Sealterfrysk en it Noardfrysk. Ek moat Dútslân befoarderje dat der foldwaande ûnderwizers binne dy't les jaan kinne yn it Sealterfrysk en it Noardfrysk.
De Fryske taalwittenskipper Henk Wolf is it fan herte iens mei dy oanbefelling fan de Ried fan Europa. Henk Wolf wurket by de Oldenburgische Landschaft as dieltiid-taalfunksjonaris foar it Sealterfrysk. Hy hat syn wurkplak op it gemeentehûs fan Sealterlân en soe by syn pionierswurk wol wat stipe brûke kinne.
It Sealterfrysk wurdt troch in minderheid fan de befolking praat. Neffens in taaltelling yn 1995 wiene der doe 2.250 foaral âldere sprekkers. Sûnt dy tiid binne it der grif net mear wurden, tinkt Wolf. "Der binne gelokkich ek jongere sprekkers, mar hoefolle krekt is ûndúdlik. Wy wolle dat graach ûndersykje."
Njonken it Frysk dat yn Fryslân praat wurdt, hearre ek it Noardfrysk en Sealterfrysk yn Dútslân ta de Fryske taalfamylje.
"It Sealterfrysk op skoalle hat neat om de hakken", fertelt Wolf. "De skoallen wolle wol, mar it is hiel dreech om dosinten te finen. Dat komt omdat der gjin oplieding foar is en ek gjin kursus. Ik bin dêrom sels mar begûn om ynformeel in kursus op te setten foar dosinten, mar dat soene je eins folle profesjoneler oanpakke wolle. Ik hoopje dat der troch dit rapport in pûde jild ús kant op komt, sadat we mear dwaan kinne."

As iennichste taalfunksjonaris is Wolf op dit stuit yn syn ientsje in soarte fan Afûk, Akademy en dosinte-oplieding fan Sealterlân. Doe't Wolf begûn hat er om te begjinnen alle beskikbere ynformaasje oer de taal sammele op ynternet.
Op syn inisjatyf makke de Fryske Akademy in grammatika fan it Sealterfrysk. Dy waard freed bediskusjearre op de Conference on Frisian Humanities fan de Fryske Akademy yn Ljouwert. Wolf set him ek yn foar publyksaktiviteiten yn it Sealtersk, lykas in pubkwis foar de jongerein.
Wat je graach wolle soene, is in lyts ynstitútsje, sadat je der wis fan binne dat der oer fiif of tsien jier ek noch wat stiet.
De Ried fan Europa is fan betinken dat ek yn de media en by de oerheid de posysje fan it Noardfrysk en it Sealterfrysk fersterke wurde moat. Henk Wolf soe der dan ek graach in pear kollega's by hawwe om alle taken goed útfiere te kinnen. "Der is no allinnich ien dieltiidkrêft, mei in tydlike oanstelling. Wat je graach wolle soene, is in lyts ynstitútsje, sadat je der wis fan binne dat der oer fiif of tsien jier ek noch wat stiet."
Noardfrysk
Yn Noardfryslân sloech de Friesenrat earder dit jier alarm oer de achterútgong fan it Noardfrysk op skoalle. It tal bern dat les krijt yn de taal is de ôfrûne tsien jier mei de helte wer werom rûn.
Op guon plakken, lykas op it eilân Helgolân, is it sels hielendal ferdwûn. Noardfryske organisaasjes lykas it Nordfriisk Instituut yn Bredstedt binne dan ek wiis mei it rapport fan de Ried fan Europa.