Noppert mei wrâldstjerren Memphis en Frenkie yn Oranje: "Dy skite en pisje ek"

Andries Noppert nei syn seleksje foar Oranje: "Memphis moat ek gewoan skite en pisje"
Andries Noppert hie noait tocht dat er by de definitive seleksje fan Oranje sitte soe. "Totaal net. Ik wie der net fan útgien, ik wie ek net senuweftich."
Doe't de doelman fan sc Hearrenfean twa wiken lyn yn de foarriedige seleksje opnaam waard, rekkene er him logyskerwiis noch net ryk. "It iennige wat ik dwaan koe, is my sjen litte. Yn de ôfrûne wedstriid (5-0 ferlies tsjin Ajax, red.) is dat net hielendal slagge, mar klear. We geane gewoan troch."
En sa krige de Jouster freedtemoarn te hearren dat er him ynkoarten melde mei foar it trainingskamp ûnder lieding fan Louis van Gaal. It is in nij hichtepunt yn de opmerklike karriêre fan Andries Noppert. "Sjochst hoe't it allegear rinne kin en dan komt dit der ek nochris by."

Moaie ûnderfining

Op it trainingskamp treft er spilers fan wrâldklups as Barcelona, Liverpool, Manchester City en Bayern München. "Dy jonges geane ek nei de wc, dy skite en pisje ek. Foar my feroaret der net in hiel soad. Mar fansels sjoch ik ek telefyzje en dan sjochst dy jonges by grutte klups spyljen. Dat wurdt foar my gewoan in hiele moaie ûnderfining."
Ik kin it mei elkenien goed fine, dat sil wol goedkomme.
Andries Noppert
Dy jonges sitte allegear al skoften by Oranje en kenne elkoar goed. Noppert is ien fan de trije spilers dy't foar it earst by de seleksje sitte. Hy ken dy oaren dus noch net. "We sille sjen mei wa't ik de bêste klik ha. Mar dat is yn it algemien net echt in probleem, ik kin it mei elkenien goed fine. Dat sil wol goedkomme."
Keepertrainer Ruud Hesp oer de seleksje fan Noppert
Selektearre wurde foar Oranje is moai, spylje foar Oranje soe hielendal geweldich wêze. Hy sil him sjen litte moatte op it trainingskamp. "Dan begjint it pas."
Noppert wit net wat syn kânsen binne. "De bêste sil spylje, dat moatte je akseptearje."
Is Noppert sels miskien wol de bêste doelman op it stuit? "Dêr bin ik hielendal net mei dwaande. Dy jonges dy't derby sitte ha safolle ûnderfining, se ha sjen litten dat se goede keepers binne. Mar ik tink dat se my wol spyljen sjen wolle, we sjogge wol wêr't it skip strânet."