Andries Noppert yn definitive seleksje fan Oranje

Andries Noppert © Orange Pictures
Doelman Andries Noppert fan 'e Jouwer sit yn de definitive seleksje fan Oranje foar de Nations League-duels tsjin Poalen en België. Dat hat de KNVB freedtemiddei bekend makke.
De keeper fan sc Hearrenfean siet al mei fjouwer oare doelmannen yn de foarseleksje fan bûnscoach Louis van Gaal. Justin Bijlow is dêrfan ôffallen. Remko Pasveer, Mark Flekken en Jasper Cillessen sitte krekt as Noppert wol by de definitive seleksje.
Bûnscoach Louis van Gaal: "We hebben een aantal nieuwe spelers in de selectie opgenomen. Voor ons is dit de laatste mogelijkheid de jongens aan het werk te zien, voor we onze WK-selectie bekend moeten maken. Zoals ik al vaker heb gezegd is de voorbereidingstijd voor dit WK extreem kort, dus ik moet alle beschikbare tijd goed benutten."

Stoarmeftige ûntwikkeling

It is foar it earst sûnt 2011 dat der in Fries oproppen wurdt foar it Nederlânsk alvetal. Jelle ten Rouwelaar, ek fan 'e Jouwer en ek doelman, wie de lêste. Hy krige lykwols nea minuten. De lêste spiler fan sc Hearrenfean dy't oproppen waard, is Stijn Schaars yn 2016.
De ûntwikkeling fan de 28-jierrige Noppert is it ôfrûne jier opmerklik. De Fries waard foarich seizoen foar it earst earste doelman by Go Ahead Eagles en waard dêrnei troch trainer Kees van Wonderen meinaam nei it Abe Lenstra Stadion. Noppert spile oant no ta noch mar 43 wedstriden yn it betelle fuotbal, wêrfan 24 yn de earedivyzje.
De wedstriden fan Oranje yn de Nations League wurde spile op 22 en 25 septimber.