HEA! Hielendal te plak yn Wergea

HEA! Julius 5 jier letter
Julius Bouwsema (23) út Amersfoort kaam fiif jier lyn yn Wergea as agrarysk studint te staazjerinnen by boer Pieter Kalsbeek yn Wergea. En dat foldie fan beide kanten sa goed, dat Julius bleaun is. Hy wennet yn it doarp, docht mei oan it ferieningslibben en hat in baan fûn by in foeraazjehannel.
In lichaamlike beheining makket alles der net makliker op foar Julius. Mar dochs hat er no in soad berikt fan wat hy woe. Noch geregeld is hy by Kalsbeek op de pleats oan 'e slach as melker. En hy is bliid mei it wenjen en wurkjen yn Fryslân. Yn it doarp heart hy der hielendal by en sit hy al yn de Merkekommisje.