Brânsorganisaasje oer misstannen yn brune float: "Werkelijk onbegrijpelijk"

In skip fan de brune float © CAMJO Media
Direkteur Paul van Ommen fan de Belangenvereniging voor beroepschartervaart (BBZ) is poer op skippers fan de brune float dy't rûnfearn hawwe sûnder in jildich sertifikaat. "Ze hebben of een ontzettend goed verhaal of ze hebben hier werkelijk niets te zoeken."
De Inspectie voor Leefomgeving en Transport lei tongersdei 39 skippen fan de brune float oan de ketting om't de papieren net op oarder wienen. It saneamde 'certficaat van tuigage' ûntbruts. Dat is it bewiis dat materiaal lykas de mêst en de gyk oan alle easken foldocht.

"Absurd"

Van Ommen kin der mei de holle net by dat dit no bard is. "Het is onbegrijpelijk dat er nog mensen rondvaren zonder geldig certificaat. Dat is onder alle omstandigheden al absurd, maar zeker als er zo'n ernstig ongeluk is geweest, is dat werkelijk onbegrijpelijk."
"Een deel van de vloot is zijn masten en gieken aan het vervangen. Of dat de beste reactie is, weet ik niet. Maar dat laat in ieder geval zien dat mensen ermee bezig zijn. Kennelijk zijn er dus ook mensen die denken: dit gaat niet over mij. Ik heb het certificaat wel, maar dat is maar een papiertje", stelt Van Ommen.

"Dit schaadt de sector in alle mogelijke opzichten"

Van Ommen fynt dat minsken dy't sûnder sertifikaat farre neat yn de brune float te sykjen hawwe. "In het vak is elk ongeval, zelfs elke 'near miss' een reden om je eigen bedrijf en je eigen manier van werken tegen het licht te houden. Een certificaat is niet gewoon maar een dom papiertje. Een certificaat betekent ook dat je je hebt laten keuren volgens wettelijke normen, dat iemand over je schouder heeft meegekeken om te kijken of jouw manier van werken de juiste is."
De direkteur fan de brânsferiening wiist op it feit dat de measte skippers harren saken wol goed foar elkoar hienen. "Hoe ongelooflijk pijnlijk moet dat voor die schippers zijn? Ik kan me de woede van hen enorm voorstellen. Dit schaadt de sector in alle mogelijke opzichten."

'Oerheid hat ek in rol'

No is it neffens Van Ommen foaral saak om te sjen hoe't de situaasje yn de brune float ferbettere wurde kin. Ien fan de saken dy't hy bepleite, wie it iepenbier meitsjen fan alle sertifikaten, mar dat koe net fanwege de privacywet.
"Wij trekken ons dit meer aan dan wie dan ook. Dit gaat om onze schepen, om onze gasten, om ons personeel en onze business, maar de overheid heeft een rol hierin te spelen", stelt Van Ommen. "Wij willen graag met de overheid kijken hoe we het beter zouden kunnen doen."