De bêste hurdfytsers op de wrâld fytse mei skuon út Fryslân

De skuon fan de bêste hurdfytsers yn de wrâld wurde yn Fryslân makke. Cornelis Terpstra fan Bitgum soarget derfoar dat toppers as Wout van Aert en Jonas Vingegaard mei de ideale skuon op de fyts stappe.
"De klanten dy't by my komme, binne de bettere hurdfytsers", leit Terpstra út. "Dy hawwe spesifike easken, sadat se foardiel hawwe op de konkurrinsje."
In slofke fan 1700 euro
It giet om saneamde 'custom skuon'. "Earst meitsje wy in ôfdruk fan de foet. Dy brûke we as mal, dêrop bouwe we fierder. Dan krije je in skoech dy't as in slofke om de fuotten hinne sit."
Terpstra soarget derfoar dat de skuon presys oanslute by de winsken fan de hurdfytser. In skoech foar klimmers is wer oars as in skoech foar in tiidrider.
Dêr sit wol in aardich priiskaartsje oan, jout Terpstra ta. "It is net dat it fan in fabryksbân ôfrôlet, mar it is echt hânwurk. Dan moatte je al gau tinke oan 1700 euro of mear."
Antiloper
De skuon dy't Terpstra makket, hawwe de namme 'Antiloper'. "Ik woe wat mei in bist en sa wie ik wat oan it sparren mei in freon. Miskien is in antilope wol aardich, sei ik. Doe tocht hy dat ik 'antiloper' sei. Dat fûnen wy beide grappich en it past presys by wêr't de skuon foar bedoeld binne", fertelt Terpstra.