Ynspeksje leit 39 skippen brune float oan 'e ketting fanwegen ûntbrekken papieren

De Risico, it skip dêr't it ûngelok mei gebeurde © ANP
De Inspectie voor Leefomgeving en Transport leit 39 skippen fan de brune float foarearst oan de ketting. De papieren fan dy skippen ûntbrekke. It giet om sirka 15 persint fan de folsleine brune float. It is noch ûnbekend oft dêr ek Fryske skippen by sitte.
De eigeners fan de skippen hawwe in berjocht krigen dat se net mear farre meie salang't de papieren noch net op oarder binne. De ynspeksje sil derop tasjen dat dat ek echt net bart.

Deadlik ûngelok

De ynspeksje besleat de yn totaal 250 skippen fan de brune float te kontrolearjen fanwegen in deadlik ûngelok op de Waadsee op 31 augustus. By it ôfbrekken fan de gyk fan it skip de Risico kaam de 12-jierrige Tara fan Den Haag om it libben.
De oarsaak fan it ôfbrekken fan de gyk is neffens de Onderzoeksraad voor Veiligheid houtrot. De rie is dwaande mei in ferfolchûndersyk oer hoe't ditsoarte fan ûngelokken yn de takomst foarkaam wurde kinne.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar oer de kwestje
Advokaat Herman Zandijk dy't de famylje fan Tara bystiet, fynt it in goede saak dat de ILT in grutskalige ynspeksje útfierd hat by de brune float.
"Het is een wettelijke plicht van rederijen om keuringscertificaten op orde te hebben. De Inspectie heeft de eigen verantwoordelijkheid genomen om het register na te kijken en een passieve houding te veranderen in een proactieve. En dat is alleen maar toe te juichen in het kader van het naleven van veiligheidsnormen, juist ter voorkoming van ongevallen zoals op 31 augustus."

Om de pear jier kontrôle

Skippen fan de brune float hawwe ferskillende sertifikaten nedich om farre te meien. It wichtichste sertifikaat is foar fiif jier jildich en wurdt ôfjûn troch de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.
It saneamde 'certificaat van tuigage' is twaenheal jier jildich. Hjirby wurde ûnder mear de mêst, de gyk en de touwen kontrolearre. De ILT hat no spesifyk sjoen nei dy sertifikaten.

Eigeners ferantwurdlik

"Eigenaren zijn verantwoordelijk voor het hebben van geldige certificaten", leit Stefanie Spekreijse fan de ynspeksje út. "Zij moeten zich dus ook tijdig melden bij de keuringsinstantie die het opnieuw kan beoordelen."
"De keuringsinstanties informeren de eigenaren vaak wel dat de certificaten zijn verlopen en dat ze een afspraak kunnen maken voor een nieuwe keuring, maar de eigenaren moeten hun verantwoordelijkheid nemen en ze moeten ervoor zorgen dat ze altijd over geldige certificaten beschikken."

Sertifikaat keppelje oan lisplakfergunning

De gemeente Harns wol mei de gemeente Enkhuizen ûndersykje oft lisplakfergunningen fan de brune float oan de wetlik fereaske feilichheidssertifikaten keppele wurde kinne. As dit kin, betsjut it dat allinnich skippen mei in jildich feilichheidssertifikaat in lisplakfergunning krije kinne.