CDA-steatelid Algra wol 'gjin ûnomkearber beslút' oer brede farwei nei Drachten

Rendert Algra yn petear mei wethâlder Robin Hartogh Heijs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
It CDA yn Provinsjale Steaten is net ûngefoelich foar de lobby fan de gemeente Smellingerlân en Drachtster ûndernimmers foar de oanlis fan in brede farwei nei Drachten.
De provinsje makke okkerdeis bekend dat de brede farwei der foarearst net hoecht te kommen. It oantal klasse 5-frachtskippen dat nei Drachten fart, is noch net sa grut.

'Skras farwei net definityf'

It Drachtster bedriuwslibben is it dêr net mei iens en spruts dêrom woansdei manmachtich yn by de steatekommisje mei ien sintraal boadskip: skras it projekt net definityf en soargje derfoar dat dy brede farwei der komme kin, sadree't dy nedich is.
CDA-steatelid Rendert Algra fynt dat syn partij ek wat mei it boadskip fan de ynsprekkers dwaan moat: "We beslisse pas nije wike woansdei wat we dwaan moatte as CDA-fraksje. We nimme de ynbring fan de ûndernimmers en de gemeente Smellingerlân seker mei."

Earnewâld

De frachtskippen nei Drachten farre no deun by it doarp Earnewâld del. Dy situaasje is neffens Algra net ideaal.
"Op koarte termyn hoecht der neffens ús neat te feroarjen, mar foar de lange termyn wolle we de hannen graach frijhâlde."

De Hege Warren

Provinsjale Steaten nimme nije wike in beslút oer de brede farwei nei Drachten en oer de werynrjochting fan feangreidegebiet De Hege Warren. Foar it lêste gebiet binne ferskate farianten ûntwikkele, dêr't de steaten út kieze meie.

Heger wetterpeil en mear natuer

It doel fan de oanpak is ferheging fan it wetterpeil en natuerûntwikkeling. Drachtster ûndernimmers hâlde der rekken mei dat, as dy natuerûntwikkeling yn it gebiet op gong komt, it noch folle dreger wurdt om lâns it gebiet in brede farwei oan te lizzen.
Harkje nei CDA-steatelid Rendert Algra
"It wurdt miskien yngewikkelder, mar we moatte besykje om it sa te dwaan dat we de boel net foar tritich jier of langer op slot sette", seit Algra.