Rûnlieding lânboumuseum yn nije feemerk: "Feemerk wie eartiids ekonomyske motor"

It Fries Landbouwmuseum hâlde woansdei in rûnlieding troch it nije gebou fan de Ljouwerter feemerk. Dit jier is der in soad te dwaan om feemerken yn Fryslân. Yn it museum rint in tentoanstelling dêroer en der is in boek oer útkaam.
Oanlieding foar de ekskurzje is om sjen te litten hoe't it der no om en ta giet, seit Andries Kingma fan de Ljouwerter feemerk. Dy sit sûnt dit jier op in nije lokaasje en is boppedat de iennige feemerk dy't Noard-Nederlân noch hat.
Sûnt sawat 1500 hat Ljouwert al in feemerk, fertelt Kingma. "Dy wie de ekonomyske motor yn de skiednis fan de stêd Ljouwert. De hiele stêd wie dan fol mei fee en besikers."
Ferhuzingen
Omdat it te drok waard, moast de feemerk yn 1697 ferpleatst wurde fan it sintrum nei de râne fan de stêd, net fier fan it stasjon. Yn 1963 ferhuze de feemerk wer, no nei in plak oan de westlike râne fan de stêd, om sûnt dit jier wer nei in nij plak te gean oan de râne fan de stêd.
Boek
It boek oer de feemerk dat ein april ferskynde, hjit De geschiedenis van de veehandel en veemarkten in Fryslân. It is skreaun troch Dirk-Jan Pilat, Arjen Dijkstra en Minie Baron. It inisjatyf komt út de feehannelersfamylje Pilat wei, fertelt Siebren van der Zwaag. Syn oerpake Durk Pilat wie feehanneler.
Mear feemerken
Van der Zwaag: "Sawat elk doarp hie in feehanneler. In soad boeren giene nei de feemerk ta, wat se doe te gean mei it fee dwaan moasten. Dêrom wiene der folle mear feemerken yn Fryslân. Dat witte minsken faak net net mear en dêrom is dit boek der kaam."
Oft in feemerk yn de binnenstêd no noch kin, freegje we oan Kingma. "Dat soe moai wêze, omdat omdat it de boeren en it stedsfolk tichterby inoar bringt. Mar tsjintwurdich kin it net mear. Wy moatte oan safolle easken foldwaan dat it op in lokaasje yn de binnenstêd net mear mooglik is."
Casper Slotboom by de rûnlieding yn de Ljouwerter feemerk