Leafhawwers fan Psy-Fi organisearje lytsskalich alternatyf: Psylân

In eardere edysje fan Psy-Fi © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Leafhawwers fan festival Psy-Fi organisearje in lytsskalich alternatyf: Psylân. It binne ferskate psytrancefeesten yn it noarden fan it lân. Psy-Fi soe fan 14 oant en mei 18 septimber plakfine.
De rjochter sette fjouwer wiken lyn in streek troch it festival dat takom wykein yn de Griene Stjer holden wurde soe. De gemeente hat neffens de rjochter flaters makke by it ferlienen fan de fergunning.
Earder waard al bekend dat op de snein in grut feest yn poppoadium Neushoorn plakhawwe sil. Mar ek yn kafee Mukkes en sealesintrum Enzo yn Ljouwert is wat op tou set.
Dêrneist is op it besteande Papierfestival yn it Drintske Elp in ekstra poadium tafoege mei psytrancemuzyk. En yn Grins is noch in feest. In soad festivalgongers kampearje op Camping de Kleine Wielen yn Ljouwert.

Gefolgen Psy-Fi

De organisaasje fan Psy-Fi hat hjir neat mei te krijen, mar seit it in "tof" inisjatyf te finen. Se binne yntusken noch drok oan it besjen wat de gefolgen fan it net trochgean fan it festival binne.
Lykas hoe grut de finansjele skea is, oft it besteansrjocht fan it festival yn gefaar is, oft se skea op de gemeente ferhelje wolle en oft se ek fan doel binne om takom jier dochs wer in festival yn de Griene Stjer te organisearjen. Nei alle gedachten is hjir oan de ein fan it jier mear dúdlik oer.