Resinsje 'De Grote Eise Eisinga Show': dynamyske gaos mei humor

Henk te Biesebeek beskôget de Grote Eise Eisinga Show © Omrop Fryslân
Wat in skrik. Yn de earste offisjele teäterproduksje fan regisseur Mads Wittermans wurdt daliks it ôfskie fan syn heit akteur Joop Wittermans oankundige. Dy betizing docht bliken ûnderdiel te wêzen fan in dynamyske foarstelling mei in soad humor. Oansteklik!
In moai inisjatyf: ûnder de namme Festival Overmorgen presintearje fiif teäters yn Fryslân yn septimber en oktober fiif aktuele foarstellings fan jonge teätermakkers. Hjirby falt daliks op dat dizze produksjes sa ferskillend fan ynhâld en foarm binne. Fan earmoede oant genderidentiteit, fan eksperiminteel oant hiel tagonklik.

Proof of the pudding

Regisseur Mads Wittermans, ja yndie de soan fan, presintearret yn dat ramt de foarstelling 'Een complexe dag in een simpel heelal', dy't as subtitel De Grote Eise Eisinga Show meikrigen hat. It is in produksje yn gearwurking mei Theater De Koornbeurs.
Dêrby is it wol nijsgjirrich om te witten dat Wittermans junior krektlyn it Frjentsjerter teäter útkeazen hat as fêste útfalbasis fan syn selskip foar nasjonale teäterproduksjes. Dizze foarstelling is it earste resultaat. The proof of the pudding?
Marieke Giebels as stand-upcomedian: "Wij zijn bang" © Majanka Fotografie
Net faak ha ik in foarstelling sjoen dêr't nei ôfrin sa ferskillend op reagearre waard. Benammen it jongere publyk wie nei ôfrin út de skroeven. De âldere taskôgers hiene nochal wat krityk. Guon sprutsen sels oer blasfemy, godslastering. Iksels seach in eksperiminteel teäter mei aardige fisuele effekten en in grutte ynteraksje mei it publyk. Hearlik!

Betizing

Ik kin my oars wol yntinke dat de foarstelling de âldere besikers yn betizing achterliet. Dy hiene by in stik oer de histoaryske figuer Eise Eisinga mei nimmen minder as Joop Wittermans yn de haadrol, grif wat oars foar eagen.
Hiske Oosterwijk as assistinte fan showmaster Eise Eisinga © Majanka Fotografie
Yn alle gefallen net dat it publyk foarôf opdield wurdt yn twa groepen. Wylst de iene helte fan de besikers plak nimme mei yn de teäterseal foar de oankundige foarstelling sels, wurdt de oare groep meitroaid nei in plakje achter op it poadium. Yn it healtsjuster achter in grut skerm. Mei in koptelefoan op. Marike Giebels, mei partner Jip van den Dool, ek ferantwurdlik foar konsept en tekst, lit in 'spervuur' oan wurden oer har taskôgers delkomme.

Frou

As in miks tusken standupcomedian en orakel deklamearret se oer de eangst fan de minske foar it grutte hielal. De striid tusken tsjerke en wittenskip, de neatigens fan de minske en de talinten fan Eise Eisinga. De amateurwittenskipper, dy't yn syn hûs syn eigen planetarium boude. En dêrmei de kosmos in plak joech. Sadat ek de gewoane boarger it stjerrestelsel begripe koe. Mar yn dy romte gjin plak hie foar syn eigen frou.
Blasfemy troch Jip van den Dool: 'God is dood' © Majanka Fotografie
In hast twingend pleit foar emansipaasje fan Marieke wurdt lykwols oerstimd troch de psychedelyske muzykklanken oan de oare kant fan it skerm. As it publyk dan einlings fan plak wikselje mei, wurde se mei iepen earmen ûntfongen troch de ynnimlike assistinte fan in showmaster. Hearlik oer de top spile troch Hiske Oosterwijk. Mei 'kir- en hygelûdsjes' leit sy de firtuele loper út foar Eise Eisinga sels. De lêste rol fan Joop Wittermans?

Ofskie

Akteur Jip van den Dool hat ús nammentlik foar de foarstelling witte litten dat nei in karriêre fan 40 jier Joop mei syn lêste seizoen dwaande is. En dat we dêrom as earbetoan healweis de foarstelling in liet foar him sjonge moatte. Werklik wier? Ach, wat is wier yn dizze turbulinte foarstelling dêr't humor en irony yn oer mekoar hinne tûmelje?
Joop Wittermans yn syn lêste rol as Eise Eisinga? © Majanka Fotografie
Mar wat wier is, moat sein wurde. Hjir en dêr is de foarstelling krekt wat te gaoatysk om profesjoneel teäter te bliuwen. Dan hat it publyk it allegear wol in bytsje sjoen. Mei dat ein ha de makkers dúdlik wat oan west. Knap hoe't sy dan dochs wer mei humor en irony dizze wrakseling ta in goed ein bringe.

Karriêre

Net hielendal perfekt dus. Mar hawar, krekt yn dizze tiid dêr't in soad teäterproduksjes de swiere kant it neist binne, in wolkomme ferromming. Miskien wol in bytsje mear rjochte op in jonger publyk. Of âlderein mei in jonge geast. Joop Wittermans liket mei dizze doelgroep yn alle gefallen noch lang net oan 'e ein fan syn karriêre.