Liander kin net leverje: bedriuwen yn Ljouwert krije no stroom fan in grutferbrûker

© Shutterstock
Bedriuwen op yndustryterrein Ljouwert West kinne op dit stuit gjin ekstra stroom krije. Dat komt trochdat it ferdielstasjon it al goed in jier net mear oan kin.
Sûnt ferline jier juny sit it ferdielstasjon op slot, fertelt Geert Wijnen, regiomanager fan Liander yn Fryslân. Fjirtjin bedriuwe kinne hjirtroch net de kapasiteit krije dy't se graach wolle en stean op in wachtlist. Dit is hiel ferfelend, seit Wijnen.
"Het betekent dat ze niet kunnen uitbreiden of verduurzamen." Op koarte termyn is it dreech om dizze klanten te jaan wat se wolle. It elektrisiteitsnet útwreidzje kostet tiid, stelt de regiomanager.

Oplossing

In bedriuw dat noch yn oanbou is op it terrein biedt hjiryn earst in oplossing. De Bio-LNG-sintrale hat mei Liander ôfpraat om yn pykoeren minder stroom ôf te nimmen, sadat oare klanten hjir gebrûk fan meitsje kinne.
It bedriuw kin dit dwaan troch opslachplakken, fertelt Michiel Ottevanger, mei-oprjochter fan it bedriuw. De wachtlist krimpt sa fan fjirtjin nei seis wachtsjenden. Ottevanger jout oan hjir gjin finansjele foardielen foar te krijen.

Net folle lêst foar partikulieren

Yn Fryslân binne foar bedriuwen in soad knyppunten. Weromlevering fan stroom dat opwekke is troch sinne- of wynenerzjy is dêrby benammen it probleem. Neffens Wijnen soene partikulieren hjir net folle lêst fan hawwe moatte.
Liander kin net leverje: bedriuwen yn Ljouwert krije no stroom fan in grutferbrûker