Definitive sluting Fonteintsjerke Dokkum komt hurd oan: "No tsjinsten op telefyzje sjen"

Het interieur van de Fonteinkerk in Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager
It hong al oardel jier yn de loft, mar de oankommende sluting fan de Fonteintsjerke yn Dokkum is definityf. De sluting komt hurd oan by de fêste tsjerkegongers.
De tsjerkeried hat it beslút naam dat der yn de Fonteintsjerke fan 1 jannewaris 2023 ôf gjin earetsjinsten mear hâlden wurde. Dêrmei is it advys fan Kerkelijk Waardebeheer opfolge.
De 90-jierrige Willie van Dijk wurdt bot rekke troch it nijs. "Hiel bot, ja. Ik kin der neat oan dwaan. We binne hjir altyd sa moai nei it tsjerke gien en ik koe hjir moai maklik komme."
Definitive sluting Fonteintsjerke Dokkum komt hurd oan
Van Dijk sjocht út op 'e tsjerke, dus hoegde net fier te rinnen. "Mar wat moatte je no? Ik kin net samar nei de grutte tsjerke op 'e Markt. It wurdt dan de tsjinst sjen op telefyzje, dat bliuwt oer."
Ek foar buertbewenner en ek tsjerkegonger Jurjen Smid komt de sluting hurd oan. "Het hoort bij de gemeenschap hiero, het is een kerk die bij ons hoort. Ik vind het echt heel sneu. Dit doet pijn, echt waar. We zijn hier getrouwd, ik heb de uitvaart van mijn vrouw hier zeven jaar geleden gehad. Dit doet me pijn ja."
Yn dizze lêste moannen fan it jier sil ek it ferkeaptrajekt fan de Fontein al opstart wurde. Dêrneist sil de tsjerkeried kontakt sykje mei de gemeente oer it werbrûken fan de Fontein, as tarieding op de ferkeap.

Takomst Ealsumer St. Katarinatsjerke ûnwis

De protestantske gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens wol har rjochtsje op tsjinsten yn de Herberg-tsjerke en Grutte Tsjerke, beide yn Dokkum. Oer de takomst fan de St. Katarinatsjerke yn Ealsum moat noch in beslút naam wurde.
Dêrneist wurde der ferskate ûndersiken opstart om te sjen op hokker wize de Herberg en Grote Kerk ynfolling krije kinne. Ek komt der in ûndersyk nei oare boarnen fan ynkomsten.

Tsjerkeried net unanym

Ut in brief oan de gemeenteleden wurdt wol dúdlik dat de tsjerkeried net unanym wie oer de kombinaasje fan de Herberg en de Grutte Tsjerke. "Als kerkenraad zijn we ons ervan bewust dat niet alle gemeenteleden zich kunnen vinden in het besluit. Dat geldt ook voor de kerkenraad."
Sa fynt in part fan de tsjerkeried de ûnderbouwing fan it advys troch Kerkelijk Waardebeheer "flinterdun". Dêrneist binne der noch in tal redenen dat de sluting fan de Fontein net trochgean meie soe.
In reaksje fan de tsjerkeried komt der foarearst net, meldt de foarsitter telefoanysk oan RTV NOF: "Binnen de kerkenraad is afgesproken dat we deze week niet reageren op het nieuws, omdat we erg druk bezig zijn met het informeren van de gemeenteleden."