Eanjum krijt 4,4 miljoen om fan it gas ôf te gean

© Shutterstock.com (Bilanol)
De gemeente Noardeast-Fryslân hat 4,4 miljoen euro krigen om Eanjum fan it gas ôf te krijen. It plan dêrfoar is selektearre as in proeftún fan de oerheid.
It is in inisjatyf fan de enerzjy-koöperaasje De Anjumer Eendracht. Dêr binne sa'n sechstich húshâldens yn Eanjum lid fan.
Mei de miljoenen fan it Ryk krije de ynwenners stipe om bygelyks har huzen te isolearjen, mar ek om enerzjy-earmoede tsjin te gean. Dat is wannear't minsken mei in relatyf leech ynkommen in relatyf hege enerzjyrekken ha.
Eanjum moat in foarbyld wurde foar oare doarpen troch foar 2030 ierdgasfrij te wurden.
It doarp begjint oer twa wiken mei de feestlike iepening fan in enerzjyloket. Dêr kinne minsken terjochte foar help by it isolearjen fan de huzen.