Koarting foar gasten dy't minder enerzjy brûke op Amelanner fakânsjepark

Fakânsjepark Klein Vaarwater op It Amelân © Klein Vaarwater
De hege prizen foar gas en stroom twinge rekreaasjeûndernimmers ta útsûnderlike maatregels. Fakânsjegongers op Klein Vaarwater op It Amelân betelje ynkoarten in taslach as se in soad enerzjy ferbrûke. Gasten dy't sunich oan dogge, krije krekt koarting.
It fakânsjepark foarsjocht alle bungalows en chalets foar 2024 fan 'slimme meters'. Gasten betelje dan net langer in all-in-priis foar de bungalow, mar wurde ôfrekkene op har enerzjyferbrûk.
Alle rekreaasjeûndernimmers wrakselje op dit stuit mei de hege enerzjyprizen. It is lestich om dy troch te berekkenjen oan de gasten, omdat de prizen foarôf fêststeld binne.
Foar Klein Vaarwater is de enerzjyrekken mei 140 prosint tanommen. Der binne sawat 100 bungalows en 500 chalets. Boppedat is der in hotel. Op jierbasis is allinnich foar Klein Vaarwater, by Buren op It Amelân, al 700.000 kúb gas nedich.

Positive ympuls

Hans van Houten fan Klein Vaarwater fertelt dat se mei de 'slimme meters' de minsken stimulearje wolle om minder enerzjy te brûken mei in positive ympuls. "Op it heden betelje minsken in all-in-priis, natuerlik binne der in oantal opsjes as it bêdeguod en dat soarte saken, mar de enerzjy is noch wol in fêst komponint fan de priis. Aanst is it sa dat we dat differinsjearre yn rekken bringe wolle."
Dat hat der ek mei te krijen dat je op fakânsje faak wat minder goed op it enerzjyferbrûk lette as thús. In studint fan EnTranCe fan de Hanzehogeschool yn Grins hat in ûndersyk útfierd nei hoe't de minsken mei harren enerzjyferbrûk en ôffalferwurking omgean op it park.
Yn de praktyk is it yndie sa dat minsken de boel dochs in bytsje waaie litte.
Hans van Houten
Van Houten: "Dêr kinne we foarsichtich de konklúzje út lûke dat minsken yn tanimmende mate ek op fakânsje duorsum dwaande wêze wolle, mar yn de praktyk is it yndie sa dat minsken de boel dochs in bytsje waaie litte. Je binne ûntspannen, je binne fuort, je sitte op it terras, men is wat yn in oare modus as thús en dat hat natuerlik ek te krijen mei it feit dat je hjir gewoan in all-in-priis betelje."

Antisipaasje

De soargen oer de hege enerzjyprizen binne oeral grut. Wol binne se op it fakânsjepark sûnt 2017 al dwaande mei duorsumens. "Dêrby kinst tinke oan sinnepanielen, sinneboilers, waarmtepompen, mar ek isolaasje. De ôfrûne oardel, twa jier hawwe we der ek in spesjalist op sitten, dy't foar ús yn kaart bringt wat no echt it ferbrûk is, wêr sitte de piken en hoe kinne we der handich op ynspylje", fertelt Van Houten.
"Mar dat nimt net wei dat de soargen grut binne, want gjin ien koe foarsjen hoe grut oft de ferheging wêze soe", seit hy.