Doeksen hellet nije boaten foarearst út de feart fanwege hege brânstofprizen

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Doeksen is safolle mear kwyt oan brânstof, dat de nijste skippen aardich minder farre moatte. Dêrneist hat de rederij oan it Ryk frege oft it in brânstoftaslach rekkenje mei.
"Yn ferliking mei 1 jannewaris 2021 is de priis fan gasoalje mei sa'n 200% omheech gien en dy fan lng sels mei 900%", seit direkteur Dirk Spoor. De nije Willem Barentsz en Willem de Vlamingh farre op dy lng (liquified natural gas).
Dêrom sille dy skippen minder farre en wurdt de Friesland ynset tusken Harns en Skylge. "Dat is net te beteljen wurden." As se wol de Waadsee op moatte, binne se langer ûnderweis. Fan 1 oere en 50 minuten nei 2 oeren, om sa lng te besparjen.
Doeksen rekkent troch en remmet ôf op gasprizen: "Net te beteljen wurden"
"We hawwe besocht in balâns te sykjen tusken wat te beteljen is en it miljeu", seit Spoor. Omdat de Friesland minder duorsum is, lit Doeksen dy fan nije wike ôf op biodisel farre.
Dêrneist passe der mear minsken en auto's op de Friesland. "Op de dagen dat we in oerkapasiteit krije, soe der út en troch in ôffeart trochstreke wurde kinne."

Ryk

De rederij wol dus ek trochberekkenje oan de passazjiers. "Unûntkomber", fynt Spoor. Doeksen oerleit mei it Ryk, dy't as konsesjeferliener tastimming jaan moat, oer in brânstoftaslach fan 4,75 de retoer. Dy moat op 1 jannewaris yngean.