Maatregels by MSC tsjin risiko op kontenerferlies

De MSC Zoe yn jannewaris 2019, nei't konteners oerboard slein wiene © ANP
Rederij MSC nimt maatregels om it risiko fan kontenerferlies op see werom te bringen. It bedriuw is fan doel om in nij systeem te ynstallearjen op hûndert fan syn kontenerskippen, dat it risiko fan kontenerferlies minimalisearje kin.
It giet om in systeem dat kapiteins helpe kin om de risiko's fan sydlingse weagen better yn te skatten.
MSC is it earste bedriuw dat dit systeem brûke sil. It is de rederij fan de Zoe, dy't jannewaris 2019 boppe de Waadeilannen 345 konteners ferlear.
© Onderzoeksraad voor Veiligheid/RTV Noord
Troch in database kin it nije systeem in risikoprofyl meitsje foar it skip, op basis fan koers, faasje, lading en omjouwingsfaktoaren.
"De faktoaren dy't it rôljen fan risiko's feroarsaakje kinne, kinne hiel dreech wêze om te foarsizzen", seit Jan-Olaf Probst fan DNV, it bedriuw dat it nije systeem ûntwikkele hat. "Mei dit systeem wolle we kapiteins en bemanningen in dúdlik byld jaan fan dy risiko's."
De Anti-Roll Assist kin ek brûkt wurde om in oare rûte te finen foar it skip, dy't minder risiko mei him meibringt.