Alden Tara stelle rederij oanspraaklik foar deadlik ûngelok mei charterskip

De famylje fan de 12-jierrige Tara dy't twa wiken lyn omkaam troch in stikkene gyk op it sylskip Risico, stelt rederij Vooruit oanspraaklik foar it ûngelok. It hie foar te kommen west, sizze se.
Tara, dy't mei har skoalle út Den Haag oan it farren wie op de Waadsee, kaam op 31 augustus om it libben doe't de gyk fan de Risico bruts. Dat kaam troch houtrot, sei de Onderzoeksraad voor Veiligheid ferline wike.
De âlden fan Tara ha net allinnich fertriet, mar binne ek lilk dat dit ûngelok gebeure koe. Neffens harren hie Tara net it iennige slachtoffer wêze kind. "Kort voor de val van deze giek waren er nog twee opvarenden op het dek, zij gingen toevallig onderdeks."
De famylje seit dat de oerheid, keuringsynstânsjes en de brâns har wurk net goed dien ha. De Onderzoeksraad wie yn 2017 nammentlik mei oanbefellings kaam nei't houtrot ek al de oarsaak wie fan in ûngelok op it skip de Amicitia.
"Aanbevelingen niet geïmplementeerd of uitgevoerd"
"Klip en klaar wordt vastgesteld, dat ondanks de niet voor tweeërlei uitleg vatbare aanbevelingen van de Onderzoeksraad voor Veiligheid uit 2017, deze aanbevelingen niet werden geïmplementeerd, niet werden uitgevoerd door betrokken partijen."
Advokaat Herman Zandijk fan de âlden leit út wêrom't dat de rederij no oanspraaklik steld wurdt: "Zij zijn verantwoordelijk voor het in de vaart brengen en houden van dit schip. En dus ook voor het onderhoud ervan."
Ministers ta ferantwurding roppe
Yn it berjocht freget de famylje de Twadde Keamer om de ferantwurdlike ministers, dy fan Ynfrastruktuer & Wettersteat en fan Ekonomyske Saken & Klimaat, ta ferantwurding te roppen.
Mooglik soe in jierlikse apk-keuring troch ûnôfhinklike eksperts bydrage oan mear feilichheid, mar dêr moat de oerheid oer beslute, fynt de advokaat. "Zo kan en mag het niet langer doorgaan."