Feitsma-biografy op Frisian Humanities-konferinsje presintearre

Liuwe Westra mei syn biografy oer Tony Feitsma © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Yn Ljouwert is woansdei de twadde Conference on Frisian Humanities begûn. Op de konferinsje binne yn trije dagen 75 wittenskiplike presintaasjes op it mêd fan de Fryske taal, Fryske skiednis en Fryske literatuer.
It giet dêrby net allinnich om Fryslân yn Nederlân, mar ek om East-Fryslân en Noard-Fryslân yn Dútslân. Sprekkers komme ûnder oare út Fryslân, Baskelân, Dútslân, Italië en Amearika.
Wichtige tema's op de konferinsje binne Fryslân yn 'e midsiuwen, de lapekoer fan Gabe Skroar, de takomst fan de Fryske letterkunde en it Sealterfrysk, de lytse Fryske taalfariant dy't yn Nedersaksen yn fjouwer doarpen sprutsen wurdt.

Biografy oer Tony Feitsma

Op de earste dei giet de measte belangstelling út nei de presintaasje fan de tsjokke biografy oer professor Tony Feitsma mei as titel 'Pionier foar it Frysk'. Liuwe Westra hat sa'n 2,5 jier dwaande west om it warbere libben fan de kleurrike en striidbere Feitsma, dy't yn 2009 ferstoar, yn kaart te bringen en te beskriuwen.
Snein 18 septimber 2022 fertelt Liuwe Westra yn in wiidweidige reportaazje yn radioprogramma Buro de Vries oer syn ûndersyk nei Tony Feitsma.
Westra hat mear as 70 ynterviews ôfnommen mei minsken dy't frou Feitsma goed kennen ha. It earste eksimplaar fan it boek wurdt woansdei oanbean oan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dat is net samar: Feitsma wie de earste Fryske wittenskipper dy't bewearde dat minsken sels kieze kinne foar de Fryske identiteit, ek as se net fan Fryske komôf binne.
Brok is neffens Westra in foarbyld fan ien dy't dat mei oertsjûging dien hat. It krewearjen fan Westra hat ta in boek laat fan mear as 700 siden.
De biografy is skreaun yn opdracht fan it 'Fûûns fwar it Frysk', ek wol bekend as it Feitsma Fûns.
De Conference on Frisian Humanities waard foar it earst yn 2018 organisearre as opfolger fan it folle lytsskaliger Frysk filologekongres. It is it doel om de konferinsje om de trije jier plakfine te litten. Ferline jier slagge dat lykwols net, fanwege de coronapandemy. De konferinsje wurdt organisearre troch de Fryske Akademy, Ryksuniversiteit Grins en hegeskoalle NHL Stenden.
Underdiel fan de konferinsje is de jierlikse Fryske Akademydei op freedtemiddei foar leden, stipers en oare relaasjes fan de Fryske Akademy. Mei-inoar wurde op de trije konferinsjedagen inkelde hûnderten belangstellenden ferwachte.
Nei freed is it noch net dien, want de Fryske Rie organisearret oanslutend op sneon yn Dokkum harren trijejierlikse Frysk kongres oer 'De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne'.
Feitsma-biografy op Frisian Humanities-konferinsje presintearre