HEA! Melle syn busmuseum yn de skuorre

HEA! Busmuseum
Alles oer de FRAM, de LABO, de ZWH en oare Fryske busferfierders út ferfleine tiden is te finen yn it nije busmuseum fan Melle van der Goot yn Rûgehuzen. De kolleksje stie earst yn twa sliepkeamers, mar Van der Goot hat der no dochs mar de skuorre foar ferboud.
Kaartsjes, skaalmodellen, unifoarmen... fan alles fan Fryske busmaatskippijen is te finen yn it museum.
Van der Goot fynt de bussen fan eartiids folle moaier, kleuriger. Doe hie elke ferfierder ek noch syn eigen kleur bus. De Rûgehúster hie sels eartiids ek wol bussjauffeur wurde wollen, mar dat is der net fan kaam. Yntusken is de brêgewipper mei pensjoen, en hat er alle tiid foar syn samling.