Sportcast tenei ek op telefyzje te sjen

© Omrop Fryslân
De Sportcast fan Omrop Fryslân wurdt moandei 19 septimber foar it earst útstjoerd op telefyzje. De petearen dy't sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer hawwe mei ferskate minsken út de sportwrâld, binne no ek yn byld te sjen. Alle moandeis om 19.30 oere by Omrop Fryslân.
De fêste sportploech fan Omrop Fryslân praat yn de Sportcast elkenien by oer de ferskate sporten, altyd mei in Frysk rantsje. Faak skoot in ynteressante gast út de sportwrâld oan. It ûnderwerp fan de petearen is benammen it fuotbal fan de klups sc Hearrenfean en SC Cambuur, mar der wurde ek oare aktuele ûnderwerpen besprutsen, bygelyks de Olympyske Spelen.
Dat de Sportcast no ek live mei byld op telefyzje te sjen is, is neffens presintator en ferslachjouwer Arjen de Boer in moaie kâns: "Eltse moandei beprate wy it Fryske betelle fuotbal. Op dy wize wolle wy de sport yn Fryslân wer in gesicht jaan en hoe slagget dit no better dan dat de Sportcast ek live op telefyzje útstjoerd wurdt."
Wy hawwe altyd pittige diskusjes.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries
Ferskate eleminten meitsje de Sportcast ta in sukses neffens sportferslachjouwer Roelof de Vries: "Oer it algemien kinst sizze dat it benammen leuk is om't we it hast nea mei-inoar iens binne. We hawwe dêrom ek altyd pittige diskusjes. Mar it meitsjen fan de podcast fine wy sels ek hiel leuk, yn de podcast kinne wy saken lykas eftergrûnynformaasje en aardige anekdoates kwyt dy't wy yn ús deistige wurk net altyd kwyt kinne."
Fan moandei 19 septimber ôf is de Sportcast eltse moandei om 19.30 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De Sportcast is te belústerjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps.