sc Hearrenfean moat maskotte Heero wer yn tsjinst nimme

© Omrop Fryslân
sc Hearrenfean hat Hendrik 'Heero' Pasveer neffens de rjochter ûnrjochtlik dien jûn. De maskotte mei dêrom wer oan de slach by de klup.
Neffens de kluplieding ûntstie der in ûnwurkbere situaasje. Sa soe Pasveer (52) ûnder mear minsken bedrige ha. Om dy reden waard er troch de klup de wacht oansein. Yn febrewaris folge it ûntslach. Pasveer liet it dêr net by sitte en focht it beslút oan by de rjochtbank. Mei sukses.
De rjochter bepaalde dat sc Hearrenfean 'Heero' wer yn tsjinst nimme moat. Dêrneist binne de proseskosten foar rekken fan de klup.

Sjen nei de takomst

sc Hearrenfean reagearret skriftlik op de útspraak fan de rjochter: "De clubleiding verschilt van mening met de rechter, maar respecteert uiteraard de uitspraak. Binnenkort zal Hendrik Pasveer zich weer op de club melden en wordt er gekeken hoe er een vervolg aan zijn werkzaamheden als medewerker onderhoud gegeven kan worden."
Heero
Pasveer is al 26 jier belutsen by sportklup Hearrenfean. Earst as frijwilliger, yn ûnder oare fanwinkel De Feanstore. Sûnt 2000 sit er yn syn maskottepak.
Yn 2013 makke Omrop Fryslan dit portret: