Professoaren stypje provinsje yn gebietsoanpak fan stikstofprobleem

© Omrop Fryslân
De provinsje fynt stipe foar de gebietsrjochte oanpak fan it stikstofprobleem by trije professoaren. De professoaren Leen Hordijk, Han Lindeboom en Rudy Rabbinge praten tiisdei op in ynformative gearkomste oer it stikstofprobleem yn it provinsjehûs.
De professoaren sjogge neat yn it útkeapjen fan bedriuwen sûnder helder doel. Neffens har moat by de oanpak fan it stikstofprobleem goed sjoen wurde nei de natuergebieten, wêr't dy lizze en hoe't se deroan ta binne.
Rabbinge skreau earder mei oan it stikstofrapport fan de kommisje Remkes, mei de titel 'Niet alles kan overal' út 2020 dat destiids oan lânbouminister Schouten oanbean waard. Kearn dêrfan is dat melkfeehâlders op fruchtbere grûn, sa as op in soad plakken yn Fryslân, prima buorkje kinne. By natuergebieten en op earmere grûn moat keazen wurde foar in ekstinsivere wize fan lânbou.

Utkeapje of ferhúzje

Foar yntinsive lânbou sa as bargehâlderijen en de pikehâlderijen sjocht Rabbinge minder perspektyf. In soad bedriuwen kinne better útkocht wurde of moatte ferhúzje nei yndustrygebieten seit Rabbinge. De kâns liket seker oanwêzich dat Remkes yn de kommende wiken mei sokke likense oanbefellings komme sil nei de petearen dy't er de ôfrûne twa moannen hâlden hat.
Neffens Lindeboom wol it kabinet fierstente fluch mei de oanpak fan it stikstofprobleem. Hy tinkt dat it mei de steat fan de natuer op de measte plakken wol wat tafalt. De stikstofútstjit moat wol mei de helte werombrocht wurde fynt Lindeboom. Mar dêr kin in folle langere perioade foar útlutsen wurde as de sân jier dy't it kabinet no foar eagen hat, seit hy.

Mjitmetoade

Hordijk ûnderstreke nochris dat de mjitmetoade foar de stikstofútstjit dy't it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) foar stiet, de Aerius-metoade, wol brûkt wurde kin om de stikstofútstjit oan te jaan yn ús lân. Mar dy metoade is net geskikt om de yndividuele útstjit fan bedriuwen oan te jaan en op basis dêrfan bedriuwen út te keapjen.
Deputearren Hoogland en Fokkinga
De Fryske deputearren Douwe Hoogland en Klaas Fokkinga fine de fyzje fan de ferskate professoaren nijsgjirrich en sjogge der seker stipe yn foar de gebietsoanpak dy't de provinsje foar stiet. "Wat se ek betinke yn Den Haag. Wy moatte yn it yn de gebietsprosessen oplosse mei maatwurk. En dan komme we in hiel ein."