De toan fan Froukje Sijtsma: "Roulint tsjin geweld"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"25 jier lyn stie ik as 13-jierrich famke mei tûzenen oare skoalbern oan de rûnwei fan Ljouwert. Hân yn hân foarmen wy in roulint om Meindert Tjoelker te betinken en joegen sa in stil protest ôf tsjin sinleas geweld. It binne oantinkens en gefoelens dy't omheech komme, as ik my foar Omrop Fryslân ferdjipje yn de dea fan Tjoelker.
In yntryst ferhaal dat yn it kollektyf geheugen fan de Friezen skrast sit. It ferhaal fan in jongeman, dy't op de jûn fan syn frijgesellefeest troch geweld op strjitte om it libben komt. Op de dei dat er it ja-wurd jaan soe oan syn grutte leafde, wurdt er yn troupak te hôf brocht. It is in ferskriklik ferhaal dêr't ik noch altyd pikefel fan krij.
De toan fan Froukje Sijtsma
Hiel Fryslân rouwe mei en woe de neibesteanden witte litte dat se der net allinnich foar stienen, dat se dizze died ôfkarden. Flaggen hongen op de dei fan de útfeart healstôk en tûzenen minsken kamen jûns om alve oere nei de Ljouwerter binnenstêd ta foar in stil protest mei kearskes en fakkels. It wie de alderearste stille tocht dy't organisearre waard as reaksje op sinleas geweld.
De gewelddiedige dea fan Meindert Tjoelker makke in soad yndruk op my as tiener, ek al koe ik him net persoanlik. It makke de kwetsberens fan it libben dúdlik, wy hienen ommers yn syn skuon stean kinnen. Ik koe my gjin foarstelling meitsje fan it fertriet dat syn leafsten fiele moasten.
De dea fan Tjoelker wie in kantelpunt foar Fryslân. Boargers en de polityk hienen skjin harren nocht fan it tanimmende geweld en woenen dat der wat feroarje soe. Yn gearwurking mei ûnder oaren gemeente, hoareka, skoallen en wolwêzenorganisaasjes waarden binnen trije wiken tiid goed 40 projekten op tou set. Dy moasten geweld as tema yn de mienskip besprekke. Lykas it teäterstik 'Geweld nee' fan Tryater dat ik yn myn middelbere skoaltiid seach en de lessen selsferdigening by gymles dy't wy krigen.
Ek waard de stichting Zinloos Geweld oprjochte troch in keunstner út Noordwijk. Allegear inisjativen om in fûst te meitsjen tsjin geweld yn de iepenbiere romte. Dochs is it fenomeen fan de stille tocht noch altyd oan de oarder. En nettsjinsteande alle projekten, is it geweld yn de iepenbiere romte net minder wurden. It is hiel fertrietlik om dat 25 jier nei de dea fan Meindert Tjoelker te beseffen.
Ik belje mei âld-plysjesjef Kees Bangma, de man dy't koart nei de dea fan Meindert Tjoelker Fryslân oprôp ta stil protest. Hy fertelt my dat it in yllúzje is om te tinken dat wy geweld oait oan bannen lizze sille, mar dat neat dwaan ek gjin opsje is. Want dan is de striid wiswier ferlern. It fielt wat tsjinstridich: stride tsjin in net te winnen striid. Mar lit ús as Friezen dan mei ús allen wach wêze op alle foarmen fan geweld, yn de hope dat wy noait wer yn in roulint hoege te stean."