Nije rige oer twilling yn HEA!

Mathijs en Stefan van Kammen © Omrop Fryslân
De twilling Mathijs en Stefan van Kammen spylje fan tiisdei 13 septimber ôf de haadrol yn de nije rige fan HEA! De jonges binne 12 jier en dogge alles tegearre. Fjouwer wiken lang is alle tiisdeis in nije ôflevering oer de twilling van Kammen te sjen by HEA!.
Mathijs en Stefan komme fan Easternijtsjerk. Se hawwe fan alles by de ein. Dêrneist sitte se ek yn itselde fuotbalteam, de iene op goal en de oare yn it fjild. It is in twilling dy't graach bûten boartet en agrarysk wurk docht. Se gean dit jier beide oer fan de basisskoalle nei it fuortset ûnderwiis.
Ik hie fuortendaliks it gefoel: hjir moatte wy mear mei.
Programmamakker Gerlof Kolk
Programmamakker Gerlof Kolk fan HEA! wie mei kameraman Dirk Hofstede op ' 'en paad en kaam de twilling op harren skelters tsjin, se seagen al gau dat de skelters wat oars as oars wienen:
"Foar de rubryk Goeie! gean wy de hiele provinsje troch foar bysûndere ferhalen. Sa rieden wy troch de Bilthoeke en kamen we de jonges tsjin yn Sint Jabik. Se foelen fuortendaliks op om't se op omboude skelters rieden en sa sprutsen wy harren oan. It waard sa'n moai ferhaal dat ik doe fuortendaliks it gefoel hie: hjir moatte wy mear mei. En sa is de fjouwerdielige rige mei de twilling ûntstien."
Yn fjouwer ôfleveringen leare wy de twilling Van Kammen kennen. HEA! giet fjouwer wiken mei de beide jonges op 'en paad. Se sleutelje oan brommers, gean nei de fuotbaltraining, helpe op 'e pleats en by heit yn it cateringbedriuw.
De nije rige oer de twilling is fan tiisdei 13 septimber, fjouwer wiken lang elke tiisdei te sjen by HEA!
HEA! is te sjen fan tiisdei o/m tongersdei om 17:15 oere by Omrop Fryslân. Hasto in leuke tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl.