Seis, acht en tsien jier selstraf easke tsjin bindebruorren Wolvegea

By in ynfal troch de plysje yn 2020 © Omrop Fryslân
Tsjin de trije fertochten yn de saneamde Strauss-saak binne straffen easke fan seis, acht en tsien jier. De offisier fan justysje fynt dat de skorsing fan de selstraf ek fuortendaliks opheft wurde moat.
De haadfertochte, Hamada A. (32) moat, as it oan justysje leit, acht jier de sel yn. Syn broer Emad (29) seis jier en de jongste broer Ibrahim tsien jier. De lêste wie de eigener fan de loadsen dy't sjoen wurde as it haadkertier fan de saneamde 'binde fan Wolvegea'.
Mei inoar binne der santjin fertochten dy't har foar de rjochtbank ferantwurdzje moatte. De oare saken wurde letter dizze wike en ek takom moanne behannele.
Selstraffen easke yn saak-Strauss
De offisier fan justysje wie tiisdeitemoarn as earste oan bar. Yn syn goed trije oeren duorjende pleit gie hy yn op it bewiis dat der leit tsjin de haadfertochten.
It giet om kamerabylden, ôftape telefoanpetearen, data fan GPS-trackers (brûkt om it transport yn de gaten te hâlden) en ferklearrings fan minsken belutsen by de transporten. Ek binne op telefoans foto's fûn fan drugs en kontant jild.
It giet yn dizze saak om fiif transporten nei Noarwegen. Ien wie yn tarieding. Twa fan dy transporten binne slagge, trije ûnderskept. Ien rûn tsjin de lampe yn Sweden nei't de koerier in ferkearde fearboat pakt hie, in oar yn Noorwegen en noch in oar nei in tip fan in frachtweinsjauffeur yn Dútslân.

Kamera

Der is mear as genôch bewiis, sa wie it pleit fan de offisier fan justysje. Ferklearrings wurde stipe troch in kamera dy't troch de plysje ophongen is tsjinoer de loads fan de bruorren yn Wolvegea. Dy bylden yn kombinaasje mei de tape telefoanpetearen jouwe in moai ynsjoch yn de hannelwize fan de 'binde'.
Sa wurde der auto's hierd dy't letter oanpast wurde foar it ferstopjen fan de drugs. Mar ek út de ferklearrings fan de oare fertochten en koeriers docht de rol fan de haadfertochten bliken. "Dat doen ze in Duitsland omdat auto's met Nederlands kenteken sneller aangehouden worden."

Rap jild fertsjinje

In jonge frou dy't yn Noarwegen oanhâlden wurdt foar it transport leit wiidweidige ferklearrings ôf. Se fertelt dat se rap jild fertsjinje wol om sa in auto te keapjen. It transport soe har seistûzen euro opsmite.
Alles waard foar har regele, sa docht bliken út it dossier. Se krige reisjild en alle hotels wienen yn it foar boekt. Se rûn tsjin de lampe en yn de auto waard sa'n seis kilo heroïne en acht kilo kokaïne fûn.
De frou is troch de Noarske justysje útlevere oan Nederlân.
By in ynfal troch de plysje yn 2020 © Omrop Fryslân
It oar transport dat Justysje op it each hat slagget wol. De koerier rydt mei in hierde auto nei Oslo. Dêr draacht hy de auto oer en as hy 'm weromkriget leit it middenkonsole derút.
Neffens in ferklearring soe der yn alle gefallen seis kilo kokaïne ynsitten ha. De koerier krige 4.500 euro foar it transport. Dat is minder as de seistûzen dy't yn it foar ôfpraat wie.

GPS-tracker

In transport yn desimber 2019 giet mis. De koerier nimt de ferkearde boat. Yn stee fan nei Oslo nimt hy it fear nei Göteborg. Hy wurdt al gau oppakt troch de Sweedske plysje nei't in drugshûn oanslacht by de auto.
Dêr siet hast 11 kilo heroïne yn ferstoppe. Ut ûndersyk docht bliken dat der kontakt west hat tusken de koerier en ien fan de trije haadfertochten. Ek út lokaasjegegevens helle út ûnder oare de GPS-tracker en telefoans komt dat byld.
By de ynfal troch de plysje yn 2020 © Omrop Fryslân
Der is noch in transport dat mislearret. Dat fynt ek plak yn 2019 en giet om in pakket dat nei Oslo brocht wurde moat. Twa mannen krije de opdracht in pakket nei Grins te bringen. Dêr soenen tapiten ynsitte dy't nei Noarwegen moatte.
Fan Ibrahim A., ien fan de de trije haadfertochten, krije se te hearren dat se har identiteit geheim hâlde moatte. De frachtweinsjauffeur fertrout it net en tipt de dûane yn Kiel. Dy fynt 10 kilo heroïne wêrfan't fêststeld wurdt dat it út Nederlân komt.

Luksueus libben

De broers en de heit stienen al op de radar fan opspoaringstsjinsten. Se hienen grutte belestingskulden, mar hienen in lúksueus libben. De fertinking wie dat se har dwaande holden mei it wytwaskjen fan jild.
Hamada A. ried bygelyks in Porsche Panamera. Op papier wie dy fan in oare man mar dy koe 'm net betelje. Dy man hat him kontant ôfrekkene wylst hy in grutte skuld hie en de hiele dei blowde om't hy depressyf wie. Neffens Justysje is dúdlik dat it giet om it wytwaskjen fan jild. Dat jildt ek foar in motorboat. Dy is op in selde wize kocht.
Ze hebben van witwassen een levensstijl gemaakt.
Offisier fan justysje
De fertochte seit dat hy in erfenis krigen hat. Hoefolle jild oft dat wie wol hy net sizze. Dat jildt ek foar de beide oare bruorren. Ek sy ha de beskikking oer grutte bedraggen kontant jild.
Se kinne gjin ferklearring jaan oer wêr't dat weikomt. Ek net út de administraasje fan har bedriuw. It giet mei inoar om inkelde tonnen. "Ze hebben geleefd van de lucht en van witwassen een leefstijl gemaakt. Dat kan zonder meer worden bewezen", sa stelt de offisier fan justysje.
It byld dat justysje sketst is in byld fan in groep mannen dy't hiel goed wit wer't se mei dwaande binne. Se brûke saneamde 'katvangers' om saken te beteljen. Se witte wer't se auto's hiere moatte dy't net in folchsysteem ynboud ha en ronselje koeriers. Se brûke ek in kommunikaasjesysteem, Wickr, dat dreech te kreakjen is.
It regeljen fan de transporten kostet in soad jild. Per kear giet it om tsientûzenen euro's. Dat wurdt foar it grutste part kontant ôfrekkene. Dêr stiet, sa stelt de offisier fan justysje, gjin legale ynkomsteboarne tsjinoer.

Krimineel hannele

De trije, mei de fjouwer oare fertochten, ha dan ek suver krimineel hannele. Neffens de offisier fan justysje is dêr mear as genôch bewiis foar. Sy wienen geregeld by inoar yn de loads oan de Nijverheidsstraat. Dat wie neffens justysje it 'haadkantoar' fan de binde. Dêr waarden de hierauto's hinne brocht en de drugs ynboud, ek wie dat it plak dêr't de drugs fersnijd waarden.
Hamada A. hie de toutsjes neffens justysje it meast yn hannen mar de rol fan de beide oaren wie grut.