Resinsje iepenloftspul Hid Hero: "It publyk krijt in soad foar de kiezzen"

Henk te Biesebeek beskôget it iepenloftspul fan Boalsert © Omrop Fryslân
It iepenloftspul fan Boalsert is in prachtich skouspul wurden. Mei hearlike muzyk, live spile! Faaks is it lykwols allegear wat te folle wat de taskôger foar de kiezzen krijt. Dat is net befoarderlik foar it ferhaal.
De titel fan de foarstelling seit it al: 'Hid Hero en het referendum'. It ferhaal bestiet oan de iene kant út in stikje skiednis út 1553, doe't dochter Hid fan skepen Hero Jalbeths yn Boalsert it earste weeshûs foar bern oprjochte. Dêrnjonken stiet it jiertal 1952 sintraal, doe't Boalsert en Delft troch it regear oanwiisd waarden foar in referindum oer de fraach oft ús lân him oanslute moast by in feriene Europa.
Senarioskriuwer Bouke Oldenhof past alle keunstgrepen ta om dy histoaryske feiten by mekoar te bringen. It publyk krijt hjirtroch wol in hiel soad ferskate ferhaallinen foar de kiezzen en krijt dêrtroch hast gjin kâns om him te ferdjipjen yn de personaazjes sels. Dat is spitich.
Boargemaster Bruinsma besiket alles om Boalsert op 'e kaart te setten © Edwin Kooren
It toanielbyld is oars prachtich en de iepening sterk. Rik Witteveen wit as boargemaster Bruinsma de taskôger fuort yn it ferhaal te lûken. Prachtich hoe't hy dêrby assistinsje krijt fan syn sekretaresse, hearlik spile troch Froukje Bosma.
Regisseur Bruun Kuijt lûkt alle registers iepen en traktearret it publyk op in boeiend skouspul, dat gjin momint ferfeelt. Op alle plakken bart hieltyd wol wat. De spilers, soms stean der mear as fyftich minsken op it toaniel, komme fan links en rjochts en sels fan achter de tribunes tefoarskyn.
Hoe funksjoneel wurdt dêrby ek it weeshûs sels as dekôr brûkt. De bern komme like maklik op as se ek wer yn it gebou ferdwine. En de sênes op it bordes fan it gemeentehûs jout de taskôger daliks in kompleet byld fan in hiele stêd.

Folume

En dan de muzyk. Live spile troch it Broken Brass Ensemble, moai man. De koperklanken jouwe de ferskate sênes krekt dat bytsje ekstra kleur. Somtiden hâlde de muzikanten yn har entûsjasme wol wat te min rekken mei it folume, wêrtroch't de oars prima sang fan koar en spilers net mear fersteanber is.
Karst Jan Iedema as weesbern Marten pikt it net mear © Edwin Kooren
Regisseur Kuijt siet by ús op de tribune en geniete sels ek sichtber fan wat him foar syn eagen ôfspile. En dat is in soad. We sjogge in boargemaster dy't der alles oan docht om syn stêd wolfeart en oansjen te jaan. As Boalsert oanwiisd wurdt foar it proefreferindum oer in mooglike Europeeske gearwurking, sjocht hy hjiryn kâns om de stêd lanlik op 'e kaart te setten.
In moaie ympuls foar it lokale bedriuwslibben. De oanwêzigens fan in weeshûs liket dêrby in barriêre. De bern dy't min behannele wurde, komme gauris ta brutale streken en stellerij. In skeinplak foar it imago fan de stêd.
Hid Hero ropt de boargers fan Boalsert op ta solidariteit © Henk te Biesebeek
En dan komt Hid Hero, 400 jier lyn de oprjochtster fan it weeshûs út har grêf. It lot fan de bern giet har oan it hert. En as geast tusken de libjende minsken, wol se ien en oar rjochtsette. Mei sukses.
Mar dêrby giet it neffens my mis. Te folle ferskillende ferhaallinen komme dan by elkoar, rinne troch elkoar. It grêf fan Hid Hero liket wol in soarte fan Magic Box. De froulike haadpersoan wit de weesmem fan it tehûs yn it grêf te krijen en nimt dêrnei har persoan letterlik oer. Tita Tovenaar yn optima forma. En dat giet mar troch.

'Huup huup Barbatruc'

Bygelyks as politika Marga Klompé in besite oan de stêd bringt mar eins neat foar it weeshûs en de bern betstjutte kin. En ja hear, ek dizze bewâldsfrou wurdt dan nei it grêf fan Hid brocht. En huup huup, Barbatruc, Hid presintearret dan yn de stal fan Klompé samar 'de Algemene Weduwe en Wezenwet'.
En troch dizze lanlike regeling komt der ek in oplossing foar de Boalserter weesbern. It weeshûs kin mei goed fatsoen sluten wurde. Klear. Mar wa wie Hid Hero Jelbeths no eins, as minske? Wat wie har driuwfear, har djippere gedachten? We komme it net te witten.
De learlingen fan MUZT as weesbern fan Boalsert © Edwin Kooren
Nettsjinsteande dat bliuwt de foarstelling in kleurryk skouspul. In feestje om te sjen mei hoefolle passy Rik Witteveen en Michelle van de Ven de haadrollen foar harren rekken nimme.
Sa't dy lêste bygelyks it folk opropt ta solidariteit en moederaasje foar de swakkere meiminske, is prachtich om te sjen. Moai ek hoe entûsjast de learlingen fan de musicaloplieding MUZT út Snits de weesbern spylje. En fansels in komplimint foar Folkert Sijbrandij, dy't de foddekeapman Eusie spilet. Allinnich lichaamlik al in krêfttoer.

Sfearfol

Mei troch alwer in sfearfolle beljochting fan Patrick Kramer, de lucht fan it kofjebaarnen om je hinne en it slaan fan de tsjerkeklok tsjin de ein, krijt it publyk in prachtich byld hoe wichtich in barren fan santich jier lyn west hat foar it ekonomysk en sosjaal wolwêzen fan Boalsert.