Fjirde feiligensstjer foar winkel- en útgeansgebiet Snits

De stjer yn it sintrum © Omrop Fryslân
Yn Snits kinne je feilich winkelje en útgean. Al 12 jier slagget it om ôfspraken te meitsjen om ûnder oare oerlêst en kriminaliteit tsjin te gean. It sintrum waard dêrom moandeitejûn foar de fjirde kear ûnderskaat mei in stjer en in sertifikaat.
De stjer wurdt útrikt troch it Centrum voor Criminaliteitspreventie en Veiligheid. Dy organisaasje toetst oft it gebiet de doelstellings hellet. Yn it sintrum fan Snits wurkje de gemeente, ûndernimmers, plysje en de brânwacht gear om it sintrum oantreklik te hâlden.
Eldad Lasker is foarsitter fan it Keurmerk Veilig Ondernemen binnenstad Sneek: "Het is meer het samenwerken met alle diensten. Dat maakt het prettig. Om de twee maanden heb je overleg. Dan weet je met wie je te maken hebt. Zo kun je met z'n allen een veilige stad creëren."
Mar ek Lasker wit dat it in yllúzje is dat der neat bart: "In de nacht is er altijd wel wat, meestal na een uur of drie. Dan informeer je elkaar wat er gebeurt. De politie is er niet massaal dus als wij meekijken, heb je meer ogen die dingen zien en zo maak je een veilige stad."

Boalsert hat ek in stjer

Dat is ek wat boargemaster Jannewietske de Vries foar eagen hat. Se sjocht in soad heil yn de gearwurking en alle oerlizzen. "It giet der ek om dat wy de makke ôfspraken kontrolearje. Dat wurket, want sa komme je ôfspraken nei."
Fan links nei rjochts: boargemaster Jannewietske de Vries, Eldad Lasker, Cor Reijenga, Patrick van den Brink en Jos van der Kooij © Omrop Fryslân
De Vries wol dan ek dat meardere gebieten sa'n stjer krije: "Neist Snits hat Boalsert der ien. Wy wolle ek sjen nei bedriuweterreinen. Ek dêr kinne je dit soarte fan ôfspraken meitsje om de buert dêr feiliger te meitsjen."

"Mei-inoar ferantwurdlik"

Dat it wurket, sjocht teamsjef Cor Reijenga fan de plysje. "Yn it ferline wie it sa dat ien dy't dronken wie en him misdroech de kroech útset waard. Dan wie it oan de plysje. No wurdt der besocht foar te kommen dat minsken dronken wurde yn de kroech. We binne mei-inoar ferantwurdlik foar de feiligens."
Geweld by it útgean is net út te bannen, wit ek Reijenga. "Der falt altyd wolris in klap. Mar grutskalige ynsidinten dogge har hast net foar. It is oer it algemien feilich stappen in Snits."