Brune float docht oan 'previntive romming' fan âlde mêsten

Mêsten en giken dy't al âld binne wurde op dit stuit ferfongen by de brune float, de charterfeart. Logysk, sa seit mêstebouwer Piet Blaauw fan Starum, mar it is net altyd perfoarst nedich. Hy sprekt fan in 'previntive romming'.
Op 'e nij waard de brune float opskrille troch in ûngelok. No troch in gyk dy't oantaast wie troch houtrot. In 12-jierrich famke kaam dêrby om it libben. De skrik sit der ek by Blaauw goed yn. "It is it meast tryste dat je oerkomme kin. Ek foar de skipper, op in skip dêr't hy grutsk op is. Dat je dat dêr oerkomme kin, is it meast aaklike."
De boargemaster fan Harns, Ina Sjerps, spruts har krekt nei it ûngelok fûl út. Neffens har koe der fan tafal gjin sprake mear wêze nei twa ynsidinten koart nei elkoar. Blaauw wol dêr net oan. "Je kinne hjoed ek mei de auto foar de apk en moarn de motor stikken ha. Dat je soks sizze, slacht nearne op. Lit ik earlik wêze: twa kear yn ien jier is net moai, mar it bliuwt in ynsidint op himsels."
Yn de loads hat Blaauw in stik fan in ferlime mêst stean. It hout moat sa lein wurde dat de jierringen soargje foar de goede sterkte. "It leafst safolle mooglik jierringen, dat makket it sterker. Ha je ien mei in in sintimeter dertusken dan is dat minder sterk", seit Blaauw.
Underhâld makliker by stielen mêst
Der binne ferskillende opsjes foar in mêst. Ut ien stik, ferlime of fan stiel. As it hout goed is, binne se allegear sterk. Blaauw: "In ferlime mêst is benammen stiver as dy út ien stik komt. Dêrmei is hy ek sterker, mar net safolle as minsken tinke. In stielen mêst is ek stiif en sterk. It foardiel dêrfan is dat je him goed kontrolearje kinne. It ûnderhâld is ek makliker. Mar, ek dizze kin fan binnenút ferrustkje. Dan is dy ek swakker. In stielen mêst brekt allinnich net, dy bûcht."
Njonken de loads leit in lange stam. "Prachtich", seit Blaauw. "Moatst ris goed sjen. Der sit kwealik in knodze (knoest) op. Hjir kinst in moaie mêst fan meitsje."
Achter de loads leit it ôffalhout. Fersnijde mêsten dy't ôfkard binne. Blaauw hellet der twa foarbylden út fan rotte mêsten. By ien dy't ferlime is, kinne je oan de bûtenkant dúdlik sjen dat der rot ynsit. By in oare net. Blaauw: "Sjoch, hjir moatte je echt mei in mes yn stekke om it te fernimmen. Mar de eigener hat ek nuver dien. Hy hat him opfolle mei pur."
'Mear ûnderhâld nedich'
In soad mêsten ha in skuor. Dat is net slim, sa seit Blaauw. "It giet dan om in wynskuor. As je de mêst goed ûnderhâlde en it focht der úthâlde, giet it lang goed. Ik wit fan in mêst fan 135 jier âld dêr't neat mei oan de hân is. Dan treffe je der ien fan 12 jier dy't gewoan net mear goed is."
De sektor kin wol learing lûke út it ûngelok. "Je moatte as skipper je spul goed yn de gaten hâlde. Mear oan ûnderhâld dwaan. Ik ha it idee dat dat minder dien wurdt. Yn it ferline waard de mêst delhelle en op bokkepoaten lein. Dan waard it kontrolearre en bywurke. Dat wurdt no minder dien. Alles moat grutter op it stuit", stelt Blaauw.
In dei nei it ûngelok hie Blaauw de earste telefoantsjes al binnen. Skippers dy't it materiaal foar de wissichheid dochs mar ferfange. "Se ha sa'n gyk dan al in skoft, sis 30 jier, sûnder problemen. Mar se sizze: Piet, ik wit it net. Ik wit net hoe't it sit. Dêr ha ik respekt foar. Dan nimme je it serieus en dat moat ek."
