Adrenaline wer sakke by F1-debutant Nyck de Vries: "Ik wilde dat de dag niet eindigde"

Nyck de Vries sjocht wer foarút, nei syn sterke debút yn de Formule 1 © ANP
Nei syn sensasjonele debút yn de keningsklasse fan de autosport, is de rêst wer werom by Nyck de Vries. "Ik heb enorm genoten de afgelopen 48 uur. Maar het leven gaat nu weer verder."
De koereur einige snein as njoggende op it sirkwy fan Monza en krige dêrmei in soad lof. "Ik was echt overwhelmed door alle reacties. Die kwamen uit alle hoeken: Fryslân, Nederland, en uit de sport." De oare riders lieten ek fan har hearre. Under oaren Max Verstappen, Lewis Hamilton, en Pierre Gasly reagearren tige freonlik. "Iedereen leek het ons echt te gunnen."
Nyck de Vries oer de emoasjes fan syn freonen en syn beppe
Nei de race gie de adrenaline noch flink troch syn liif, seit de debutant. "Ik heb vannacht door de energie dan ook niet goed geslapen. Ik wilde dat de dag niet zou eindigen."
Yntusken is de rêst werom. "De afgelopen 48 uur heb ik enorm genoten. Maar het leven gaat nu weer verder. Dit is een belangrijke tijd in mijn carrière, daarom wil ik snel weer overgaan tot de orde van de dag."
Op fideo's seach De Vries hoe't syn famylje en freonen him stipen, doe't sy yn kafee De Kroon yn Snits de race folgen. "Het doet me heel goed om iedereen zo enthousiast te zien vanwege deze prestatie."
Nyck de Vries oer de opmerking fan de Williams-baas
"Ik ben de afgelopen drie jaar erg druk met de sport bezig geweest. Daardoor mis ik familie en vrienden ook erg. Bovendien heeft ons gezin echt voor de sport geleefd. Er is veel voor gelaten. Het is dan ook des te mooier dat we dit hebben kunnen realiseren."

Takomstplannen

Nei snein wurdt der in soad spekulearre oer de takomst fan De Vries. Want foar hokker team soe er mooglik útkomme kinne? "Het is een dynamische wereld. Om die reden is het lastig in te schatten hoe het met mijn kansen staat. Wat er zondag is gebeurd, heeft ongetwijfeld een zetje gegeven. Maar het is niet aan mij wie er in hun auto komt te zitten", seit hy. "Maar wat er ook gebeurt, dit debuut pakken ze me niet meer af."