Haadfertochten swije by earste dei ynhâldlike behanneling Saak-Strauss

De rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De trije haadfertochten (32, 29 en 27) yn de saak-Strauss holden harren mûle op de earste dei fan de ynhâldlike behanneling ticht. Se wurde derfan fertocht dat se belutsen wienen by de hannel en de útfier fan kokaïne en heroïne nei Skandinavië.
De haadfertochten binne broers fan elkoar. Se soenen út Wolvegea wei ynternasjonale drugstransporten mei Noarwegen, Dútslân en Sweden as einbestimming regele hawwe. De broers berôpen harren lykwols op it rjocht om te swijen.
It gefolch wie dat rjochtbankpresidint Bert Dölle oeren oanien it wurd hie. Dêr waard hy sels ek wolris wurch fan: "Als u zich geroepen voelt om te reageren op wat ik zeg, houd ik u niet tegen", sei hy tsjin de fertochten.
"Wat vindt u er eigenlijk van dat anderen u steeds noemen als leiders van de drugstransporten?" Ek by dy fraach kaam der net mear werom as 'Geen commentaar'.

Lange list mei strafbere feiten

De rjochtbankpresidint beprate in lange list mei fertinkingen dêr't de fertochten by belutsen wêze soenen. De trije broers hienen in groep helpers foar ferskate taken, lykas it parsen fan de drugs yn in loads en it ynbouwen fan de drugs yn in Dútske hierauto, bygelyks op it plak fan de airbag.
De bruorren besochten de ynkomsten sels wyt te waskjen yn 'e hannel fan twaddehânsk auto's, mar waarden troch de belestingtsjinst sinjalearre as fertocht, omdat der wol útjeften wiene, mar gjin omset of ynkomsten.
Dêrnjonken waarden der saneamde katfangers ynset. Dat binne minsken dy't yn namme eigener of hâlder is fan in auto, bedriuw of bankrekken binne mei as doel om de werklike eigener of hâlder bûten berik fan de justisjele autoriteiten te hâlden.
De auto's dy't nedich wiene foar it drugstransport waarden op harren namme hierd op ferskate plakken yn Dútslân. It transport hie plak mei Dútske auto's, omdat dy yn Skandinavië minder faak oanhâlden wurde as auto's mei in Nederlânske kentekenplaat.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de saak-Strauss
De groep soe belutsen wêze by tal fan drugstransporten. De haadfertochten fersoargen dy transporten net sels, mar se setten hjirfoar ferskate en by foarkar froulike sjauffeurs yn. Dy waarden sa bot ûnder druk set, dat se net doarden te wegerjen.
Ien fan dy drugskoeriers, in frou út de Noardeastpolder, waard oanholden yn Noarwegen. Sy wie net troch ien fan de haadfertochten oanlutsen, mar troch ien fan de oare helpers. Sy gie mei 5 kilo heroïne en 6 kilo kokaïne op paad en se soe dêr 6.000 euro mei fertsjinje.

Kriminele organisaasje

In oare koerier waard oppakt yn Sweden. Yn in auto foar de eksport siet drugs ferstoppe op it plak fan de airbag, sa kaam yn Göteborg oan it ljocht. De drugs wiene net foar Sweden bedoeld mar foar Oslo, mar de fertochte pakte de ferkearde fearboat.
Mei safolle drugstransporten en it opsetten fan in eigen organisaasje foar drugseksport mei in fêste systematyk en kommandostruktuer kinne je net oars as sprekke fan in kriminele organisaasje, dy't út de Nijverheidsstraat yn Wolvegea wei wurke, sei de rjochtbankpresidint.
De transportauto's waarden skerp yn 'e gaten hâlden mei help fan in GPS-tracker. Ien fan de haadfertochten soe dy kocht hawwe, mar hy joech as ferklearring dat er it apparaat nedich hie om syn freondinne yn 'e gaten te hâlden.

Drugsôffal dumpt

Justysje nimt ek it yllegaal dumpen fan drugsôffal by De Blesse heech op. It giet om in earnstige foarm fan miljeufersmoarging dêr't ferskate belêstende ferklearrings oer dien binne. Fierder soenen de fertochten belutsen wêze by wytwaskjen en in gefal fan slimme mishanneling yn in kafee yn Wolvegea. It slachtoffer rekke hjirby mei in brutsen noas yn it sikehûs.
De eask fan de offisier fan justysje wurdt tiisdei ferwachte. Oanslutend komme de advokaten fan de trije haadfertochten oan it wurd.
Foar de behanneling fan de saken fan de trije haadfertochten binne trije dagen útlutsen: 12, 13 en 14 septimber. Yn oktober binne de oare fjirtjin fertochten oan bar.