Johnny Jansen slút rentree út: “Voorlopig even geen Heerenveen”

Johnny Jansen © Omrop Fryslân
Johnny Jansen komt foarearst net werom yn in offisjele funksje by sc Hearrenfean. De âld-trainer hat al wol wer yn it stadion west, mar in weromkear sjocht er trijekwart jier nei syn ûntslach noch net sitten.
"Ik ben tegen Fortuna weer wezen kijken. Het is toch wel even spannend, maar ik moet eerlijk zeggen dat ik het eigenlijk hartstikke leuk vond om daar weer rond te lopen", fertelt Jansen moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Ek ôfrûne wykein by it duel yn de Johan Cruijff ArenA siet Jansen by syn âlde klup op 'e tribune. Hy trof dêr algemien direkteur Cees Roozemond. Dy nûge him út foar in bakje kofje. "Dat is een open vraag en lijkt mij prima. We zien wel waar het over gaat", seit Jansen.

Meisjen by Vitesse en Cambuur

As Roozemond in funksje binnen de klup foar de Noardwâldiger hat, krijt er nul op it rekest. "Voorlopig even geen Heerenveen. Ik werk op dit moment niet en daar baal ik van, maar aan de andere kant ben ik vanaf mijn zestiende fulltime bezig met voetbal. Nu doe ik een stapje terug en eigenlijk moet ik zeggen dat het me heel erg goed doet."
Jansen sil folgjende wike twa dagen meisjen by Vitesse en hy die dat koartlyn ek by SC Cambuur en trainer Henk de Jong. Dat fynt er moai en dêr leart er nei eigen sizzen in hoop fan. In oanbod om yn de simmer oan de slach te gean by Telstar, lei er njonken him del. "Financieel was er een verschil."
Snein siet Jansen ek op 'e tribune by SC Cambuur tsjin FC Groningen. Mei syn freon en âld-kollega Ronnie Pander beseach er de wedstriid, dy't de Ljouwerters mei 1-0 ferlearen. "Ik heb me niet vermaakt, maar het idee van voetbal is heel herkenbaar. Het stokte te vaak bij de zijkanten", fynt Jansen.
Yn de eagen fan de fuotbaltrainer hie Cambuur-keeper João Virgínia de goal foarkomme moatten. "Ik vind dat hij deze wel moet hebben, deze is ver van de paal." Jansen tinkt net dat De Jong de Portugees slachtofferje sil. "Op de trainingen die ik heb gezien, heeft hij een goede indruk achtergelaten. Ik denk dat Henk vertrouwen in hem heeft."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De keeper fan sc Hearrenfean folget Jansen ek noch mei in soad belangstelling. Yn de jeugd wie Jansen trainer fan Andries Noppert. Jansen genietet fan de ûntwikkeling fan de Jouster. "Ik denk dat hij een geweldige indruk op het veld achterlaat. Maar ook hoe hij het verwoordt. 'What you see is what you get'. Daar hou ik ook wel van."

Noppert yn Oranje?

Freed heart Noppert oft er ta de seleksje heart fan it Nederlânsk alvetal. Dan makket bûnscoach Louis van Gaal syn seleksje bekend. "Het is een geweldige beloning en hopelijk zit hij erbij", fynt Jansen.
In rol as penaltykeeper yn de WK-seleksje soe Noppert wol passe neffens Jansen. "Met zo'n reikwijdte, ja man! Als Andries de focus heeft, kan 'ie dat echt goed."