Nettsjinsteande deadline noch in grut tal omkearde flaggen op provinsjale grûn

In omkearde Nederlânske flagge © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Wa't troch de provinsje rydt, sjocht noch hieltyd omkearde flaggen by de provinsjale diken del en protestbuorden op rotondes. Op oare plakken binne de uteringen wol fuorthelle.
Deputearre Avine Fokkens hat de protestearders oant hjoed de tiid jûn om de protestuteringen op provinsjaal gebiet fuort te heljen. As dat foar hjoed net bard is, dan sil de provinsje sels de flaggen en buorden fuorthelje.
Oer it wannear, troch wa, en hoe lit de provinsje neat los. Dat hat alles te krijen mei de feiligens fan de minsken dy't it fuorthelje moatte. Koartlyn waarden yn Súd-Hollân minsken bedrige dy't dit útfiere moasten.

Protestbylden noch net fuort

In rige fan flaggen lâns de N-dyk troch Sint Nyk, in byld fan in ko oan in strop op in rotonde by Warkum en by protestbuorden oan de dyk by De Lemmer; in rûnrit troch Fryslân lit sjen dat noch net alle protestbylden fuorthelle binne op provinsjaal terrein.
Op guon plakken liket der lykwols al wol aksje ûndernommen te wêzen nei oanlieding fan de oprop. Sa binne op ferskate fiadukten gjin flaggen mear te sjen. Ek it fiadukt by De Jouwer, dêr't ofrûne freed noch in soad omkearde flaggen te sjen wienen is no frij fan flaggen. Oft dit komt troch de oprop fan Fokkens is net dúdlik.

Flaggen bewarje

Yn Gelderlân wurde de flaggen, nei't se troch de provinsje ophelle binne, twa wiken bewarre. Eigeners kinne se dan by in loket ôfhelje. In wurdfierder fan de provinsje Fryslân lit witte dat dat yn ús provinsje net oan de oarder is. "Wy hawwe hjirre net sa'n loket. Minsken hawwe hast twa wiken de kâns hân om it guod op te heljen."
Yn ferskate chat-en facebookgroepen wurdt oproppen ta in tsjinaksje. Der wurdt oproppen om de flaggen tydlik fuort te heljen, om se letter massaal werom te hingjen.
Op in soad plakken hingje noch flaggen