F1-ferslachjouwer Louis Dekker nei debút De Vries: "Takom jier twa Nederlanners yn Formule 1"

Nyck de Vries finishte snein as njoggende yn Monza © ANP
Fans fan de Formule 1 reitsje net útsprutsen oer it yndrukwekkende debút fan Nyck de Vries. NOS-ferslachjouwer Louis Dekker foarmet gjin útsûndering. "We kunnen ervan uitgaan dat er volgend jaar twee Nederlandse coureurs meedoen."
"Voor Nederlanders is het natuurlijk heel bijzonder dat De Vries in Monza als negende eindigde. Maar ook de Britse en Duitse pers zijn lyrisch", seit Dekker. "Dit is gewoon iets heel groots. Hij reed foutloos."
By de race foelen twa koereurs út, wêrtroch't De Vries in pear plakken opskode. Dat docht neffens Dekker neat ôf oan de prestaasje. "Ook als hij elfde zou zijn geworden, was het geweldig geweest."

Kâns gripe

De Fries krige sneontemoarn te hearren dat er ynstappe mocht by Williams, omdat Albon mei in blinetermûntstekking nei it sikehûs moast. "In de sport werkt het zo dat als je een mooie kans krijgt, je die ook echt moet pakken. Vaak gebeurt dat niet, maar De Vries doet het."
Met dit debuut tikt hij iedereen op de vingers.
Formule 1-verslaggever Louis Dekker
Fierder falt it Dekker op hoe maklik De Vries omgiet mei de media. "Als je bijvoorbeeld ziet hoe hij contact heeft met de Engelse journalisten. Hij blijft zo makkelijk overeind. Iedereen gunt het hem ook, lijkt het. Hierdoor verzamelt hij veel medestanders", seit Dekker, dy't deroan taheakket dat de karriêre fan De Vries oant no ta net hurd ferrûn. "Hij is tenslotte 'al' 27. Maar met dit debuut tikt hij iedereen op de vingers."

Twa fakatueres

De NOS-korrespondint sjocht nei dit sukses alfêst nei it folgjende jier. By twa fan tsien raceteams liket der dan in fakatuere frij te kommen. It giet om Williams en Alpine, fertelt Dekker.
"Alonso vertrekt bij Alpine, een middenmoter. Daar zou De Vries alleen wel meteen met een flink verwachtingspatroon te maken krijgen." Dekker sjocht him leaver foar Williams riden.
"Daar kan het bijna alleen maar beter gaan. Beide teams weten, zeker na zondag, hoe goed De Vries is en dat hij onder druk presteert. Ja, ik durf wel te stellen dat er volgend jaar twee Nederlandse coureurs meedoen met de Formule 1. Voor De Vries zou dat een enorme sprong in zijn carrière zijn."