ProRail wol by Molkwar foar it earst dassen ferhúzje dy’t it spoar fersakje litte

In warskôgingsboerd by it stasjon fan Koudum-Molkwar © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op 40 plakken yn Nederlân hawwe dassen harren boarch gefaarlik tichtby of sels ûnder in spoarline makke. Yn Fryslân besiket ProRail foar it earst oft in ferhuzing fan in dassenamylje ûnder it spoar by Molkwar nei in keunstdasseboarch in oplossing wêze kin.
De bisten wenje al jierren by it stasjon fan Koudum-Molkwar, yn in boarch ûnder it spoar. Mar harren graafwurk soarget foar fersakking fan it spoar. Sy meitsje tunnels en op ien sa'n plak moast it spoar al ris reparearre wurde. Dêrnei is de boel lykwols op 'e nij fersakke.
Masinisten fan Arriva hawwe de ynstruksje krigen om op dit stik stadiger te riden. ProRail wol no ynsette op in ferhuzing fan de dassen en as dat slagget, kin soks ek lanlik op mear plakken ynset wurde.

Op 40 plakken dassen by it spoar

It probleem stiet lykwols net op himsels. By in earste, lanlike ynventarisaasje fan ProRail binne 40 lokaasjes fûn dêr't dassen gefaarlik tichtby of ûnder it spoar libje, seit Michel van den Bogaert dy't de floara- en faunasaakkundige is fan ProRail. "Ik vermoed dat dat nog maar het topje van de ijsberg is en dat er nog meer zijn", jout hy oan.

Natuerbeskermingswet

Dassen binne as wylde bisten beskerme neffens de Natuerbeskermingswet. Je meie sy net bejeie of fersteure. ProRail wol der alles oan dwaan om in oplossing te finen dêr't it as spoarbehearder mei libje kin, mar dy't ek goed is foar de dassefamylje.
Fersteuring is net foar te kommen by de oansteande ferhuzing en dêrfoar hopet de organisaasje op in ûntheffing op dy wet noch foardat de bisten yn desimber jongen krije. Oars moat der langer wachte wurde.
Dassen wenje ûnder it spoar en moatte ferhúzje
As it projekt goed útpakt, jout dat ProRail in oplossing dy't mooglik ek oare plakken te brûken is.
Van den Bogaert: "We zijn eigenlijk al jaren bezig met dit probleem in Fryslân. Het is best lastig om op te lossen. Dit is onze vingeroefening. Als we hier ervaring mee hebben, hebben we een paar maatregelen uitgeprobeerd die we elders sneller kunnen toepassen. Het blijft wel maatwerk. We gaan die 40 locaties allemaal prioriteren om te zien waar het grootste risico zit. Daar gaan we dan beginnen."
Michel van den Bogaert fan ProRail © Omrop Fryslân
De put by Molkwar begjint mei de oanlis fan in raster by it talúd fan de spoardyk del oer in flinke lingte. Dy moat de dassen likegoed boppe as ûnder de grûn keare.

Net samar ôfslute

Dêrmei is it noch net klear, want je kinne net samar in besteande boarch ôfslute. Dy dassen moatte op in oar plak net allinnich in ûnderkommen hawwe, mar ek in omjouwing dêr't sy harren iten byinoar skarrelje kinne.
By de ljochte stiennen is it spoar troch it graven fan dassen fersakke, reparearre en dêrnei wer fersakke © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dêrom wurdt in keunstdasseboarch foar de dassen regele. Van den Bogaert leit út hoe't se dat oanpakke wolle: "We gaan kijken of we de bestaande burchten een beetje kunnen ontzien als we dat hek gaan ingraven. Als we bij het ingraven een hol tegenkomen, dan stoppen we even en laten een gaatje, zodat de dassen weg kunnen en gaan daarna verder."
Der wurdt in nij plak foar de dassen boud. "Een kunstburcht met pijpen. Alles is al voor ze voorbereid, met kamers erin. Daar komt een hoop grond op. Pas als ze dat hebben gevonden, gaan we het hek neerzetten. Dus we geven een alternatief, dat is nu het idee."

Tunnel

Omdat in wichtich part fan it leefgebiet fan de dassen ûnberikber wurdt, komt der in tunnel ûnder it spoar troch. Fansels binne der ek oare, wat minder bistfreonlike maatregels mooglik, mar je moatte yn 'e regel dan ek juridysk oantoane kinne dat oare maatregels net holpen hawwe.