Saak-Strauss set útein: 17 fertochten foar de rjochter foar Wolvegeaster drugstransport

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De rjochtbank yn Ljouwert begjint moandei oan de ynhâldlike behanneling fan de saak-Strauss. Santjin fertochten steane terjochte: sy wurde fertocht fan belutsenheid by in drugsorganisaasje yn Wolvegea.
De fertochten, trettjin manlju en fjouwer froulju, wurde derfan fertocht dat se belutsen wienen by de útfier fan kokaïne en heroïne, mei Noarwegen as einbestimming. Sân fan de fertochten wurde ek fertocht fan dielnimming oan in kriminele organisaasje.
Trije bruorren, dy't sjoen wurde as de lieders fan de organisaasje, wurde boppedat fertocht fan it wytwaskjen fan fermogen dat se op kriminele wize ferkrigen ha.

Trochsikingen

De saak kaam yn desimber 2020 yn it nijs. Nei de oanhâldingen trochsocht de plysje twa wenningen op It Hearrenfean, fjouwer yn Wolvegea en in tal bedriuwspannen yn Wolvegea.
Ynfal fan de plysje yn Wolvegea, desimber 2020 © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Yn ien fan dy bedriuwspannen hienen guon fertochten in autohannel. It Iepenbier Ministearje fertinkt de fertochten derfan dat se swart wurken, gjin administraasje byholden en sa it jild wytwosken dat se mei de drugshannel fertsjinnen.
By de trochsikingen fûn de plysje sa'n tsien kilo harddrugs, in nepfjoerwapen, nepjild en sa'n 15.000 euro oan kontant jild.

Boargemaster: fertochten wienen 'yntimidearjend oanwêzich'

Boargemaster André van de Nadort sei nei de oanhâldingen dat de fertochten har net allinnich dwaande holden mei kriminele aktiviteiten, mar dat se ek 'yntimidearjend' oanwêzich wienen yn Wolvegea.
Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân
Se soenen benammen yn it hoarekagebiet foar oerlêst en problemen soarge ha, sei Van de Nadort. "De leden van deze groep gedragen zich alsof zij de baas zijn op straat. Ze zorgden voor een angstcultuur. Zo bezochten ze gemeenteraadsleden thuis en zorgden ze voor overlast bij het uitgaan. Ze lieten zich duidelijk horen in de kroegen en intimideerden anderen."

Tip oan plysje

De saak kaam oan it rôljen doe't yn maaie 2020 by it Team Criminele Inlichtingen fan de plysje Noard-Nederlân ynformaasje binnen kaam dat de trije bruorren ynternasjonaal hannelje soene yn wyt en heroïne.
Dêrop naam de resjerzje in loads yn Wolvegea ûnder observaasje dêr't, sa die letter bliken, auto's klearmakke waarden dy't brûkt waarden foar de smokkel fan harddrugs. Ut dizze en oare opspoaringsmiddels die bliken dat de fertochten dwaande wiene in drugstransport ta te rieden.
Foar de behanneling fan de saken fan de trije haadfertochten binne trije dagen útlutsen: 12, 13 en 14 septimber. Yn oktober binne de oare fertochten oan bar.