Partoer Van der Bos slút seizoen ôf mei winst yn Marsum

It partoer fan Gert-Anne van der Bos hat de lêste frijeformaasjepartij fan it seizoen wûn. Yn de finale wienen se mei 5-1 6-4 te sterk foar Tjisse Steenstra-en-dy.
Van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hienen in flitsende start. Mei in boppeslach helle Triemstra it earste buordsje foar syn partoer binnen. Steenstra makke der dêrnei noch wol 1-1 fan, mar doe pakten Van der Bos-en-dy fjouwer earsten op rige.
Doe wie der noch wol even in skrikmomint: Triemstra koe fanwegen in blessuere op 5-5 2-2 net fierder. Mar mei Hendrik Kootstra slagge it ek by Van der Bos.

De oerwinning wie foar Van der Bos tige wolkom. De ôfrûne twa wiken helle syn partoer ek de finale, mar beide kearen gongen se der mei 5-5 6-6 ôf. Ferline wike barde dat tsjin Steenstra-en-dy.
Gert-Anne van der Bos wint yn Marsum, mar wit net hoe't syn maat Taeke Triemstra deroan ta is
Nei ôfrin wie noch net dúdlik hoe't it mei Triemstra syn blessuere is. Nei de finale belle er mei it sikehûs, mar hy gong úteinlik nei hûs. Der sit in flink aai op it ankel. Sels tinkt Triemstra dat it seizoen, mei noch ien wedstriid te gean, der sowieso op sit. Hy hopet dat der neat ôfskuord is.
Hiemstra lilk om ynfalbeurt Kootstra
Renze Pieter Hiemstra wie nei de wedstriid lilk oer de gong fan saken. Hy seach dat it plak fan Triemstra ferfongen waard troch Kootstra. Hiemstra: "Je hoege gjinien foar de gek te hâlden oft hy bier hân hat of net. Ik snap net dat je je dêrfoar misbrûke of opruie litte troch dochs it fjild yn te gean foar trije slaggen."
Hiemstra snapt Kootstra net, mar is ek teloarsteld yn skiedsrjochter Hendrik Tolsma. "It is oan de skiedsrjochter om yn te gripen. Hy seit: der komt gjinien by. Der sit wol in groepke keatsers, mar dy sitte allegear oan it bier. Dus der kaam gjinien mear by, sei er."
Renze Pieter Hiemstra is lilk dat Hendrik Kootstra it fjild yn mocht as ferfanger fan Triemstra
Skiedsrjochter Hendrik Tolsma hat in oare lêzing: "Ik wit net of Hendrik Kootstra alkohoalyske fersnaperingen hân hat. Ik ha gjin alkoholtest. Ik kin it net bewize, dus mei hy fan my ynfalle."
Mar hat Tolsma, sa as Hiemstra beweart, sein dat Kootstra net meidwaan mocht? "Nee, dat ha ik noait sein."