“Je sjogge flaggen en trekkers, mar efter de skerms wurdt der wol neitocht"

Maarten Goudzwaard en Hans van der Werf © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
In nije minister fan Lânbou soe net perfoarst út in bepaalde politike partij komme moatte, fynt direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie. Wichtiger is dat er autoriteit en kennis fan saken hat.
Koartlyn stapte Henk Staghouwer op as minister. Syn plannen om perspektyf te bieden oan boeren wiene neffens in soad partijen net tarikkend genôch.
Staghouwer wie troch de partijtop fan de ChristenUnie út de provinsje Grinslân wei nei Den Haag lutsen om minister te wurden. Dat wie 'net handich', sa seit Van der Werf yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. De oanstjoering en kommunikaasje wie net goed op it ministearje, fynt hy.
JA21-Steatelid Maarten Goudzwaard kin him dêr wol yn fine. "De politike deastek wie dy perspektyfbrief. Dêr foel net allinne de opposysje oer, mar ek de koälysje. It docht mar wer bliken, der is gewoan gjin perspektyf te sketsen mei it hjoeddeiske skikstofbelied." De brief fan Staghouwer wie losslein fan de realiteit, fynt Goudzwaard.

Konsensus op it ministearje

Mar ek by de amtners op it ministearje fan Lânbou soe in probleem lizze kinne, seit Goudzwaard. "Troch de jierren hinne binne ferskate ministers sneuvele om't sy gewoan de amtners net meikrije koene. Je moatte dêr in minskeminsk foar wêze. Ast dy kwaliteiten net hast, dan hast yn Den Haag echt in probleem."
Hans van der Werf krijt it gefoel dat der op it ministearje twa partijen foarinoar oer steane. "De iene rjochting wol dat de merk it oplost: de oerheid jout romte en wat subsydzje en wy sjogge it wol. Mar de oare rjochting wol it hielendal oars: natuerynklusiver en mei minder kij." Yntern is der te min konsensus op it ministearje, tinkt hy.
Henk Staghouwer © ANP
Ek moatte amtners genôch kennis fan saken hawwe. De stikstofproblematyk is in yngewikkeld dossier, dy't net samar út in ivoaren toer yn Den Haag wei oplost wurde kinne, sa sizze de manlju.

Yninoar gripende problemen

Dêr komt by dat der net allinne in stikstofprobleem is, mar dat der ek opjeften lizze op bygelyks it mêd fan de wetterkwaliteit en it klimaat. Dy problemen gripe yninoar.
Wy binne it lân fan de geitepaadsjes. Wy wolle der altyd in maksimale úthelje, noch krekt binnen de juridyske kaders.
Hans van der Werf
"Nederlân stiet der net goed op. Wy binne it lân fan de geitepaadsjes. Wy wolle der altyd in maksimale úthelje, noch krekt binnen de juridyske kaders. Mar de rjochter hat yn 2019 sein: dit kin no net mear. Wy binne op in soad dossiers pragmatysk, mar dat wurket op in gegeven stuit net mear", seit Van der Werf.
Goudzwaard fynt it oerdreaun en tinkt net dat der in stikstofprobleem is. "Der moat wol hjir en dêr wat barre, mar net op dizze skaal. Ik leau net dat wy al dy boeren opkeapje moatte."

Praten bliuwe, yn de regio

Hoewol't de manlju útinoar rinnende ideeën oer it stikstofdebat hawwe, fine se wol dat it petear op gong bliuwe moat. "Der wurdt echt wol praat, ek met LTO en Farmers Defence Force", seit Van der Werf. "Mar fan bûten sjogge je allinne flaggen en trekkers, in soad skerpte yn it debat. Mar efter de skerms wurdt der wol neitocht oer hoe't wy fierder moatte."
Van der Werf fernimt dat der bot nei de polityk sjoen wurdt. "Dy moat de wrâld feroarje. Mar dat sil net barre, dat kin ik dy wol sizze. Ik tink dat wy it mei-inoar yn de regio oplosse moatte."
Je moatte goed yn petear bliuwe mei de boeren.
Maarten Goudzwaard
"Je moatte goed yn petear bliuwe mei de boeren", fynt ek Goudzwaard. En der moat gau in nije minister komme, seit hy. "Carola Schouten hat it oernaam, mar sit ek op Earmoedbelied. As der earne omtinken foar wêze moatte soe, dan is it dat wol. Je kinne it der net samar efkes by dwaan."