It hier yn 't fet en swinge mar: in wykein lang rock-'n-roll op Skylge

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It hiele wykein stiet Skylge yn it ramt fan Rock and Roll Street. Midslân is omtsjoend ta in rock-'n-rollwalhalla, mei oldtimers, fetkuven, sûkerspinnen en dûnsdemo's.
"Het is vroeger ontstaan als een feestje voor eilanders" fertelt organisator Sjoerd Tjepkema. "Maar tegenwoordig komen er zo'n 5000 man van de wal af voor het festival."
Oerdeis is it festival benammen op strjitte. Dêr binne twa poadiums mei de hiele dei live muzyk. Mar der binne ek oare ûnderdielen, sa is der in spesjale kapper om it hier yn de fetkúf te setten. Yn de jûntiid biede de kroegen romte oan ferskate bandsjes.
In wykein lang rock-'n-roll op Skylge
It is dit jier drokker op strjitte as by eardere edysjes. "Je hoort en ziet dat mensen er weer zin in hebben, er staan veel eilanders op straat maar ook veel toeristen."
Tjepkema heakket dêr oan ta dat hy it publyk wol feroarjen sjocht. "Mensen worden over het algemeen wel wat ouder, het vergrijst heel erg. Maar daar tegenover zien we wel veel kinderen die met opa en oma mee komen. Het slaat als het ware een generatie over."
Sjoerd Tjepkema © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De muzyk is fan echte rock-'n-rollbandsjes. "We willen niet twee jaar op rij het zelfde bandje dus we halen ze ook uit Engeland, Duitsland en België", seit Tjepkema grutsk. "Het is nu de 32e editie en we vinden het nog steeds leuk om te organiseren, dus we gaan nog wel even door."