Nije stichting nimt monuminten yn Jannum en Wânswert oer

Jan van Asperen, Henny Vlasma, Henk van der Veen, Sijtze Hellema, Wynette Themmen, WiegerZoodsma en wethâlder Aant Jelle Soepboer © Marit Anker
Mei de oerdracht fan de tsjerke yn Jannum en de toer fan Wânswert is de eardere Stichting Monumentenzorg Ferwerderadiel opgien yn de nije Stichting Monumenten Noardeast-Fryslân.
De nije stichting is dit jier oprjochte út de yn 1993 oprjochte Stichting Monumentenbehoud Dongeradeel wei. Mei de nije monuminten fan Ferwerderadiel hat de stichting aanst in tsjerke, 27 tuorren en 7 wynmûnen yn behear.
Stichting Monumenten Noardeast-Fryslân kin fuortendaalks oan it wurk. De toer en it oerwurk yn Wânswert wurde restaurearre. Letter wurdt de tsjerke yn Jannum noch opknapt. De stichting, gemeente en Steunpunt Monumentenzorg Fryslân hawwe earder al tariedingen dien foar it needsaaklike ûnderhâld.
It is de bedoeling dat de tsjerke fan Jannum brûkt wurde kin as eksposysjeromte, dêr wurde ôfspraken mei it Fries Museum oer makke.