Open Monumentendag: omsneupe op plakken dy't oars net tagonklik binne

Tal fan monuminten iepenje dit wykein de doarren foar de lanlike Open Monumentendag. It tema dit jier is 'Duurzaam duurt het langst.'
Op de lanlike webside fan Open Monumentendag binne 207 monuminten en aktiviteiten yn Fryslân te finen, mar der binne sneon en snein ek monuminten iepen dy't har net oanmeld hawwe.
Yn Beetstersweach is it publyk by 12 objekten wolkom, sa as it Lycklamahûs en ek de bysûndere regintekeamer yn gebou Van Teijensfundatie dêr't hjoed-de-dei de dokterspraktyk yn sit. Bûten is in keunstmerk en ek de eksposysje fan keunstneresse Jeanne Bieruma Oosting.
Neffens Heleen Verhage is dat in gouden kombinaasje, it publyk kin by de merk en by de monuminten del. Mei Open Monumentendag binne gebouwen iepen dy't oars nea tagonklik binne. De organisaasje besiket alle jierren wer wat nijs te dwaan. Mooglikheden genôch, want yn Beetstersweach is wol in fyftichtal monuminten.
In nijkommer
Mei in bytsje gelok is it hûs oan Hoofstraat 62 takom jier sa'n nije dielnimmer oan de Open Monumentendag. Dêr wenje Berend en Roelina Vis yn in monumintaal pân. It hûs is boud yn 1868 troch baron Van Harinxma thoe Slooten.
Yn Fryslân binne hûnderten monuminten tagonklik foar Open Monumentendag
De eigeners kamen út Het Gooi nei dit plak. "We werden verliefd op het huis", fertelt Roelina Vis. "Binnen een kwartier zeiden we: dit is het."
It is in grut en heech gebou om te ferwaarmjen, dus de enerzjyrekkens binne wol heech. "We moeten zuinig zijn en maar een dikke trui aandoen", seit Berend Vis. "En anders maar bijstoken met de open haard."

Om't it in Ryksmonumint is, binne der spesjale regels foar isolaasje, lykas monumintedûbeldglês. Boppe is de famylje oan it ferbouwen. Se wolle in bêd en brochje meistje, dy't ein dit jier klear wêze moat.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer by de famylje Vis

Yn Fryslân is lykwols folle mear te dwaan. In pear fan de aktiviteiten dit wykein: yn Ljouwert is keazen foar de doarpen noardlik fan de stêd. Yn Jelsum, Koarnjum, Britsum en Stiens binne 17 monuminten tagonklik, guon binne inkeld no te besykjen.
Yn Súdwest-Fryslân binne tal fan aktiviteiten mei tentoanstellingen, rûnliedingen, fytsrûten, kuiers en muzykfoarstellingen. Yn Harns binne de restaurearre perronkappen fan it stasjon te besjen en yn Dokkum is in kuier oer de Waalske Fuery en in rûntsje oer de bolwurken.
De gemeente Waadhoeke hat agrarysk yndustrieel erfgoed sintraal set. Yn Warkum binne ûnder oare de Sint-Gertrudistsjerke en skipstimmerwerf De Hoop iepen. Yn Weststellingwerf binne ferskate mûnen en it Nationaal Vlechtmuseum iepen.
Yn it hiele lân binne tûzenen ryksmonuminten dit wykein te besjen. It is de 36ste edysje fan de Open Monumentendag. Ferline jier luts it evenemint goed 850.000 besikers. Doe wienen 4.000 monuminten iepene.