33-jierrige Ljouwerter ferstoarn op it dak fan de Ljouwerter Bonifatiustsjerke

© Kappers Media
Op it dak fan de Sint-Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in stoflik omskot fûn. It giet neffens de plysje om in 33-jierrige man út Ljouwert. De man soe fia stegers it dak opgien wêze en is nei alle gedachten útgliden en ferstoarn.
It wie foar de plysje yn 't earstoan net dúdlik hoe lang de persoan al op it dak lei. "We hebben nog heel veel vragen", joech in wurdfierder oan.
De plysje slút opset net út, mar giet foarearst út fan in ûngelok. Neffens de earste befiningen is de man sels nei boppen klommen. It lichem lei sa'n tweintich meter heech op it dak.
Foar it bergjen fan it stoflik omskot is in plysjeteam oproppen dat spesjalisearre is yn it wurkjen op hichte. Der wiene meardere plysjeweinen op it plak en de brânwacht hat mei in heechwurker assistearre.
De plysje sprekt fan in 'bysûndere situaasje.' De melding fan de fynst kaam om 03.30 oere hinne.
Plysje fynt stoflik omskot op it dak fan de Ljouwerter Bonifatiustsjerke
In part fan it tsjerkekompleks oan de kant fan de Amelandsdwinger stiet fanwege renovaasjewurk yn de stegers. Oan dy kant is ek it stoflik omskot oantroffen.
De Sint-Fitusparochy sil snein it restaurearre Adema-oargel út 1899 ynwije en wer yn gebrûk nimme. De biskop fan Grins-Ljouwert komt snein om it oargel yn te seinigjen. Ek boargemaster Sybrand Buma en kommissaris fan de Kening Arno Brok binne útnûge en middeis binne der ferskate oargelkonserten.
It programma giet troch, sa seit it bestjoer fan de parochy. Wol sil der oan it begjin fan de gearkomste stilstien wurde by it tragyske ûngelok.