Wenplak foar arbeidsmigranten by De Aardappelbeurs yn Sint Jabik iepene

It plak foar arbeidsmigranten yn Sint Jabik © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De Aardappelbeurs yn Sint Jabik is freed feestlik iepene. Op it kompleks is in wenplak makke foar 46 arbeidsmigranten, dy't foaral yn de kassen op It Bilt wurkje.
It giet om in spesjale lokaasje. "Het staat op het terrein van De Aardappelbeurs", seit Bas van Zwiennen fan VZM Uitzendgroep. "En dat is een begrip in deze buurt."
Earder hienen de arbeidsmigramten plak yn Sint Jabik, oan de Geert Veenhuizenstrjitte. "Die woningen hebben we afgestoten en de gemeente heeft er een nieuw park gerealiseerd." Doe moast der dus in nij plak komme.

Wiis mei draachflak

Wethâlder Kees Arends is wiis mei it draachflak dat der yn it doarp is. "Der is in soad muoite foar dien, mar it is slagge. We ha ferlet fan minsken dy't oan it wurk gean. Dat is soms dreech om regionaal te krijen en moai as minsken út oare wynstreken komme wolle."
De Aardappelbeurs yn Sint Jabik © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Hy is der wiis mei dat yn itselde doarp in plak fûn is. Tsjin de plannen om op in oar plak yn it doarp arbeidsmigranten te húsfestjen is in petysje start. De wethâlder ken de ynhâld fan dy brief noch net, mar seit wol dat as in mearderheid yn in doarp wat net wol, dat de gemeente dêr wol nei harkje sil en yn petear giet.
De oplevering fan De Aardappelbeurs is fierd mei minsken fan meiwurkjende bedriuwen en de tydlike bewenners. Middeis koenen ynwenners fan Sint Jabik yn it gebou sjen.
Bas van Zwiennen fan VZM Uitzendgroep en wethâlder Kees Arends