Ald-plysjesjef Kees Bangma 25 jier nei dea Meindert Tjoelker: "Striden bliuwe tsjin geweld"

Kees Bangma by it brechje yn Ljouwert dêr't it monumint foar Meindert Tjoelker leit © Omrop Fryslân
Geweld de wrâld útbanne is in yllúzje, mar de minske moat der altyd tsjin striden bliuwe. Dat fynt Kees Bangma, earder distriktssjef fan de plysje fan Midden-Fryslân.
Yn septimber 1997 rôp hy op ta in stil protest nei de gewelddiedige dea fan Meindert Tjoelker. No, 25 jier letter, stiet hy noch altyd foar dat boadskip. "Geweld meie wy net normalisearje."
Ald-plysjesjef Kees Bangma: "Altyd striden bliuwe tsjin geweld"
De doe 30-jierrige Meindert Tjoelker út Ljouwert soe trouwe mei syn grutte leafde Jennifer. Mei in stel freonen hawwe se in wike foar de grutte dei dêrom in frijgesellefeestje yn de binnenstêd fan Ljouwert. Nachts as se oer de stille kant fan de Nijstêd rinne, sjogge se hoe't by in oar groepke freonen ien in fyts yn de stedsgrêft smyt. Meindert seit der wat fan. It wurdt syn dea. Troch geweld komt er om it libben.
It is de meast enervearjende saak yn de karriêre fan Kees Bangma as plysjesjef fan distrikt Midden-Fryslân. It sil him altyd bybliuwe. De dea fan Meindert wie yn in tiid dat der ferskate geweldsynsidinten plakfûn hienen yn Ljouwert, mar no mei deadlike ôfrin. "Ik moast wat dwaan. Ik woe de Fryske befolking oproppe dat wy geweld net tolerearje meie."
"...Bij velen overheerst een gevoel van onmacht. Ongetwijfeld zal zijn dood leiden tot een roep om strengere straffen, om meer politie. Een begrijpelijke en terechte roep, als reactie op een afschuwelijke daad. Toch drukt ook die roep onmacht uit. Omdat het niet terugdraait wat is gebeurd. Maar ook omdat onze samenleving kennelijk niet in staat is te voorkomen dat dit gebeurt..."
út: 'Kracht uit onmacht: oproep tot protest", Leeuwarder Courant, 15 septimber 1997, side 7.

Ynstjoerde brief: oprop ta stil protest

Nei oerlis mei boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Ljouwert, stjoert Bangma in brief yn nei de redaksje fan de Leeuwarder Courant. Mei de kop 'Kracht uit onmacht: oproep tot protest' set hy Fryslân yn beweging. Der wurdt massaal gehoar jûn oan syn oprop om in minút stilte te hâlden foar Meindert, mar ek tsjin geweld.
"Dat kaam net inkeld en allinnich troch myn ynstjoerde brief", seit Bangma. "De hiele befolking wie yn rou en woe syn meilibjen toane. Mar ek hoarekaûndernimmers en binnenstêdbewenners, woenen wat dwaan. Yn oerlis mei de gemeente en ferskate oare ynstânsjes is doe in grut stil protest opset. En yn gearspraak mei de famylje fansels."
Op dat stille protest kamen 20.000 minsken ôf en hiel Nederlân seach mei. Dat kaam fansels ek omdat in jier dêrfoar Joes Kloppenburg yn Amsterdam, ek troch geweld yn it útgeanslibben fan it libben berôve waard.

Sinleas geweld

Yn de jierren dy't folgen waard in it hiele lân in soad omtinken jûn oan 'zinloos geweld', mar it koe net foarkomme dat der no gjin slachtoffers mear falle.
"Geweld is spitigernôch fan alle tiden", stelt Kees Bangma. "En it is ek in yllúzje om te tinken dat wy dat útbanne kinne. Mar neat dwaan is ek gjin opsje en dêrom moatte minsken, boargers en professionals, altyd in fûst meitsjen bliuwe tsjin geweld. Dan is dat de oerwinning dy't behelle is."
De namme Meindert Tjoelker sit 25 jier letter noch hiel farsk yn it ûnthâld fan in hiel soad Friezen. Omrop Fryslân besteget de kommende dagen dêrom fierder oandacht oan dit yngripende barren.
Moandei is der in reportaazje mei âld-boargemaster Hayo Apotheker fan Ljouwert, hoareka-ûndernimmer Baukje de Vries en Grietje Tanahatoe, dy't yn de jierren 90 in soad wurk ferset hat út har belutsenheid foar it wykpanel fan de binnenstêd fan Ljouwert wei.