Undernimmers liede needklok foar nije farrûte nei Drachten: "Kijk naar de toekomst"

De ûndernimmers liede symboalysk de needklok © Omrop Fryslân
De opsje foar in farwei foar frachtskippen troch polder De Hege Warren nei Drachten moat net samar fan tafel. Fyftich havenûndernimmers, feriene yn it Havennetwerk Fryslân, liede dêr de needklok oer.
De ûndernimmers binne benaud dat de ekonomyske ûntjouwing fan Drachten op slot set wurdt, as de farwei der net komt. Se binne skrokken fan it berjocht dat de provinsje gjin farferbining foar grutte frachtskippen troch De Hege Warren wol.
De farwei troch de polder is foar de provinsje net besprekber. Dy soe net útkinne en boppedat dreech ynpasber wêze, sjoen alle oare farbewegingen. Yn Drachten sitte se lykwols te springen om in goede farferbining. Earder wie de gemeente Smellingerlân al ferbjustere oer it beslút fan de provinsje.
Undernimmers wolle farrûte nei Drachten
De ferwachting is dat it ferfier oer it wetter in flecht nimme sil. Benammen troch legere transportkosten as oer de dyk, seit Frank van Kerkhof fan transporteur AB Texel Group. "Wij zijn een bedrijf dat veel over de weg vervoert, maar ook wij zien de ontwikkeling richting transport over water gaan. Dat is zeker gezien de ontwikkelingen van het afgelopen jaar veel duurzamer."

Fyzje ûntbrekt

Van Kerkhof fynt dat it de provinsje oan fyzje ûntbrekt. "Ze baseren zich op gegevens uit het verleden. Ze moeten kijken naar de toekomst." Hy is der dan ek fan oertsjûge dat yn de takomst hieltyd faker gruttere skippen Drachten oandogge, de saneamde klasse V.
Dy skippen meie no net oer de rûte lâns natuergebiet De Alde Feanen farre. Allinnich mei in spesjale ûntheffing meie se der del. Dy is neffens de provinsje mar in pear kear oanfrege.
It bedriuw FibreMax wol graach trije produksjehallen bouwe, mar dat bliuwt foarearst by ien © Omrop Fryslân
Dat kin feroarje yn de takomst, seit Rinze-Jan van der Schuit. Hy is eigener fan it bedriuw FibreMax. Van der Schuit wol graach ynvestearje. Sa binne der plannen foar de bou fan trije grutte produksjehallen, mar no komt der foarearst mar ien.
Van der Schuit: "Ik ha dat earst stopset. Ik bin hjir kaam doe't it allegear iepenlei. Wêrom soe ik no jild stekke yn wurkgelegenheid foar hûndert man as ik net wit oft ik myn materiaal goed ferfiere kin?"

Oar trasee?

Neffens de provinsje hoecht de ûntwikkeling fan de haven net stil te stean. Deputearre Avine Fokkens stelt dat net alles op slot sit as de rûte troch De Hege Warren net trochgiet.
"Als die noodzaak er komt, en we zien dat er veel aanvragen komen, is dat een reden om te kijken wat mogelijk is", seit Fokkens. "Of dat De Hege Warren is, is de vraag. Dat zie ik niet. Dan kan het een ander tracé zijn, maar dan moet er wel duidelijk meer vraag zijn naar ruimte voor grote schepen, de zogenaamde klasse vijf A."
Kommende woansdei prate de Fryske Steaten oer de ûntwikkeling fan De Hege Warren en de farwei nei Drachten.