Sijbe Knol listlûker en kandidaat-deputearre FNP by provinsjale steateferkiezingen

Sijbe Knol (FNP) © Omrop Fryslân
Sijbe Knol fan Sint Anne is de listlûker én kandidaat-deputearre foar de FNP by de provinsjale steateferkiezingen fan maart takom jier. Knol stiet earste op de konsept-kandidatelist fan de partij, dy't freed ûnder de leden bekend makke is.
Op dit stuit is Knol ek al fraksjefoarsitter fan de FNP yn Provinsjale Steaten. It is de earste kear dat er de list oanfiert. Fjouwer jier lyn wie Johannes Kramer noch de listlûker fan de partij. Kramer is no boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Ferkiesbere plakken

Op de ferkiesbere plakken steane op de konsept-kandidatelist nije nammen. De top 4 wurdt fol makke troch Dinie Visser út Snits, Fedde Breeuwsma fan Dokkum en Sita Land-Dotinga út Surhuzum. Op 5 stiet it hjoeddeiske steatelid Gerben van der Mei fan Tsjummearum.
De FNP is de earste partij dy't mei in konsept-kandidatelist komt. Op 23 septimber nimme de leden in definityf beslút.