Onderzoeksraad oer deadlik ûngelok mei de Risico: gyk brutsen troch houtrot

De gyk dy't ôfrûne moanne ôfbruts op de Risico wie oantaast troch houtrot. Dat meldt de Onderzoeksraad voor Veiligheid. By it ûngelok op de Waadsee kaam in 12-jierrich famke út Den Haag om it libben.
De Onderzoeksraad start in saneamd opfolgingsûndersyk nei it ynsidint. Dêryn wurdt neigien foar hoefier't der lessen lutsen wurde kinne en wat der nedich is om dit soarte fan ûngelokken yn de takomst foar te kommen.
Njonken de Onderzoeksraad voor Veiligheid dogge plysje en justysje ek ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok op de Risico. De útkomsten dêrfan wurde net op koarte termyn ferwachte.
Neffens Aart Puper, eigener fan twa sylskippen en lid fan de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen is it frij ienfâldich om te kontrolearjen oft in skip lêst hat fan houtrot. "Je kunt de giek afkloppen met een hamer om te horen hoe hij klinkt. Verder kun je letten op verkleuringen in het hout."
Puper stelt dat skippers harren materiaal regelmjittich kontrolearje moatte. Boppedat wurde skippen eltse twa jier kard troch in karmaster. Ek sokke karmasters kontrolearje oft der sprake is fan houtrot.
Net foldwaande
"Ik houd mijn materiaal heel goed in de gaten en ik vervang materiaal preventief", seit Puper. "Je kunt natuurlijk nooit alles uitsluiten. Het wordt elke twee jaar gekeurd en blijkbaar is dat niet genoeg, want het is weer misgegaan."
De Onderzoeksraad voor Veiligheid die earder ek ûndersyk nei soksoarte ûngelokken. Op 21 augustus 2016 bruts de mêst fan it skip Amicitia ôf yn Harns. Dêrby kamen trije Dútsers om it libben.
It ûndersyk nei it ûngelok op it sylskip Wilhelmina yn maaie fan dit jier op Skylge is noch net klear. Ek dêr foel in gyk nei ûnderen. Dy kaam telâne op in man en in frou. De man kaam dêrby om it libben.