HEA! Danspaleis krijt de fuotsjes fan de flier yn Hurdegaryp

HEA! Danspaleis Hurdegaryp
'Een tankstation van levensvreugde'. Sa neame de minsken fan Danspaleis harren fleurige muzykshow wêrmei't se fersoargingssintra by del gean. Yn Bennemastate yn Hurdegaryp slagget it goed om de bewenners op de dûnsflier te krijen.
De DJ fan Danspaleis draait in soad werkenbere en populêre nûmers dy't útnûgje ta dûnsjen. En ek as it dûnsjen net sa goed mear wol, is dêr wol wat op te finen. Uteinlik komt hast elk yn beweging op de fleurige muzyk. En dat soarget foar in soad wille by de bewenners fan Bennemastate.