Ek Friezen oandien troch ferstjerren Queen Elizabeth: "Net ferwachte fan mysels"

Queen Elizabeth © ANP Foto
In skok gie oer de wrâld tongersdeitejûn om healwei achten hinne. Queen Elizabeth is net mear. Ek yn Fryslân binne minsken oandien troch it ferstjerren fan de Britske keninginne.
"Ik moat earlik sizze: dit is dochs wol in hiele skok", seit keningshûssaakkundige Bearn Bilker oer it ferstjerren fan The Queen. "Dat hie ik fan mysels net ferwachte, mar se is net mear en dat is hiel bysûnder. Elizabeth wie der altyd, foar elkenien."
Ek de Brit Alaister Wright, dy't al 29 jier yn Fryslân wurket, moast efkes slikke by it nijs. "Het raakt mij wel een beetje", seit er. "Ze heeft enorm veel kwaliteiten getoond en heel veel positieve dingen gebracht."

Symboal

"Elizabeth wie de monargy en de monargy wie Elizabeth", seit Bilker. "Elizabeth is der, hat der altyd west en soe neffens ús gefoel ek foar altyd bliuwe. As der problemen binne yn Ingelân, en der binne in oergryslik soad, dan wisten de minsken ien ding seker: Elizabeth is der en Elizabeth besiket it folk te ferienen. It is hiel knap hoe't se dat dien hat."
Wright slút him dêr by oan: "De koningin was voor sommige mensen waarschijnlijk echt een symbool van dingen die goedkomen. Het is voor veel mensen alsof je je moeder of je grootmoeder verliest."

Nij steatshaad

Troch it ferstjerren fan Elizabeth hat it Feriene Keninkryk ek direkt in nij steatshaad: King Charles III. Dat sil foar it folk wol efkes wennen wêze, nei santich jier Elizabeth. "Ik tink dat it frij gau giet", seit Bilker.
"Dat is altyd sa. Minsken tinke earst: dy kroanprins dat wurdt allegearre neat. Dat hawwe se ek faak sein fan Charles. Mar as it dan safier is... Hy sil it ek wol op syn eigen wize ynfolje, mar hy hat ek al sein: ik folgje natuerlik safolle mooglik wat myn mem dien hat, sa as sy har heit folge hat."

Kroaning is muoite noch wol wurdich

De útfeart fan de keninginne wurdt oer sa'n tsien dagen ferwachte. "Ik folgje dat op de foet, fan minút oant minút", seit Bilker, dy't tinkt dat de kroaning fan Charles noch ûngefear in jier op him wachtsje lit. "Dat kostet sa'n enoarme tarieding. Yn de skiednis hat altyd bliken dien dat it in jier koste, dus dat sil no ek wol sa wêze."
Charles is mei syn 73 jier de âldste kening ea by syn oantreden. "Dus ik tink dat we noch wol ris in kroaning belibje kinne. Mar ferjit net: Charles is no wol 73, mar syn heit en mem binne hiel âld wurden. Dus hy kin noch wol 20 jier regearje. Dus it is noch best de muoite wurdich om in kroaning te organisearjen", seit Bilker.