Albert Hoving begjint as tredde waarman by Omrop Fryslân

Waar of gjin waar: Albert Hoving skoot fan moandei ôf oan as tredde meteorolooch fan Omrop Fryslân en pakt dêrmei syn passy wer op. "As ik nei bûten rin, sjoch ik fuort nei boppen."
Hoving (62) wurke desennialang as meteorolooch by Fleanbasis Ljouwert. Nei it bestudearjen fan waarkaarten, modeldata, en meteogrammen seinde er de piloaten yn oft it al of net ferantwurde wie om it loftrom yn te fleanen. "Waarsomstannichheden spylje in grutte rol by it útfieren fan oefeningen", fertelt Hoving.
"By in oanfal moatte je fan in bepaalde hichte ôf de grûn sjen kinne. En ek boppe see is in soad ynformaasje fereaske", seit de waarman. "Wynkrêft en -rjochting, it wolkepakket, it is foar de piloat krúsjaal om dêr kennis fan te hawwen. Allinnich dan wit er oft er fleane of lânje kin."
Fan pensionado nei waarman
Hoving hold yn 2021 op, nei twa tuskenjierren op Gilze-Rijen. Nettsjinsteande dat Hoving him as pensionado goed fermakke, ûnder mear mei jeugdwurk yn syn wenplak, makke de fakatuere as waarman by Omrop Fryslân wat los.
"Ik bin noch fierstente fitaal om neat te dwaan. Boppedat is meteorology myn passy. As ik nei bûten rin, sjoch ik fuort nei boppen", seit er. "Ek fyn ik it hartstikke moai om wer nije ûnderfiningen op te dwaan en minsken kennen te learen."
Waarteam
Albert Hoving is nei Tjitske Wiebenga en Jan Jonkman de tredde waarman yn it team fan eksperts by Omrop Fryslân. De waarpresintatoaren folgje Piet Paulusma op, dy't jierrenlang ít gesicht wie fan Omrop Fryslân. Nei syn ferstjerren yn maart hat de omrop keazen foar in nije formule: net ien waarman, mar meardere.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 229 78 76.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.